Statyske side 1i2009

logo.ensafh

Wolkom op ensafh. Rjochts fine jo de ynhâldsopjefte fan nûmer 1, ferskynd op 24 jannewaris 2009.
It wie fansels de bedoeling dat ensafh, de opfolger fan Farsk (en Hjir), fuortdaliks op ’e nije webside útkomme koe. It meitsjen fan ’e nije webside keallet lykwols swierder as wy ferwachte hiene. Wy meitsje dêrom dizze kear en hjirnei faaks noch twa kear gebrûk fan ’e âlde Farskside. It is sa wat in ôfdijer fansels, ús ferûntskuldigings dêrfoar, mar wat dizze earste ôflevering fan ensafh biedt is der net minder om. Wy winskje jo in protte lêswille.
De folgjende ôflevering ferskynt op sneon 7 febrewaris 2009.… Lês fierder