Aan de soevereine lezer: Leafdedea

logo.ensafh

Door toedoen van weinig flatteuze en insinuerende opmerkingen op blogs en in de pers lijkt iedereen het zicht kwijt op de aard van de verschillende edities en vertalingen van Leafdedea van Homme Eernstma (pseudoniem van F.S. Sixma van Heemstra 1916-1999). Het lijkt me goed enige helderheid te scheppen en de tekst weer aan zichzelf en de lezer terug te geven. Het mag toch niet zo zijn dat dit unieke Friese topstuk de aandacht van de mooiste Spaanse en Duitse uitgevers trekt, terwijl er in Friesland alleen nog maar in de ellendigste bewoordingen over wordt geschreven. Om teleurstellingen te voorkomen: wat volgt is dus geen smeuïge polemiek maar droge feiten zodat iedereen weer zelf kan gaan denken en lezen.… Lês fierder

Friezen tsjin nije staveringsregels Frysk

logo.ensafh

In beslút fan de provinsje Fryslân om de offisjele stavering fan it Frysk te wizigjen hat makke dat in stjalpweach fan krityk ûntstien is. In oprop fan in aksjegroep oanProvinsjale Steaten om de maatregel werom te draaien krijt stipe fan tsientallen Fryske pommeranten út wittenskip, ûnderwiis, kultuer en literatuer.

Op 24 april ha Provinsjale Steaten besletten om de besteande stavering fan 1980 op in stikmannich punten te wizigjen. It wurdt “ieu” (eeuw), bygelyks, wurdt tenei skreaun as “iuw” en it wurd”útnoegje” (uitnodigen) as “útnûgje”. Tagelyk ha de Fryske Steaten de Fryske Akademy yn Ljouwert frege om in standertwurdlist te skriuwen.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – febrewaris 2013

logo.ensafh

Proaza

Rommert Tjeerdsma

Om Doutzen

KFFB, Dokkum 2013
ISBN 97890 7491 8947
Ferkeappriis € 16,

Fryslân midden yn ‘e tritiger jierren fan de foarige ieu. It is krisistiid, rûnom hearsket earmoede en de measte minsken hawwe it dreech om troch de tiid te kommen. Alle dagen steane lange rigen wurkleazen foar it stimpellokaal. In flues fan doffe berêsting hinget oer it lân, it liket wol as sil it nea wer oars wurde.
Doutzen, in jonge frou, wennet mei har âlden efterôf yn it lân, dêr’t har heit mûnder en lytsboer is. Hja fielt har ûnwennich yn dy iensume oarde en langet nei it fertier en de drokte fan de stêd, dêr’t se wolris by omke en muoike útfanhuzet.… Lês fierder

Statyske side 21ii2009

logo.ensafh

Wolkom op ensafh. Rjochts fine jo de ynhâldsopjefte fan nûmer 3, ferskynd op 21 febrwaris 2009.
It wie fansels de bedoeling dat ensafh, de opfolger fan Farsk (en Hjir), fuortdaliks op ’e nije webside útkomme koe. It meitsjen fan ’e nije webside keallet lykwols swierder as wy ferwachte hiene. Wy meitsje dêrom no noch gebrûk fan ’e âlde Farskside. It is sa wat in ôfdijer fansels, ús ferûntskuldigings dêrfoar, mar wat dizze tredde ôflevering fan ensafh biedt is der net minder om. Wy winskje jo in protte lêswille.
De folgjende ôflevering ferskynt op sneon 7 maart 2009.… Lês fierder