Ein 2015 binne twa foar de ûntjouwing fan ’e Frysktalige folkmuzyk wichtige elpees fan Roel Slofstra foar ’t earst as cd útbrocht. It is te rêden om Slofstra syn debút-skiif In spyltuech bin ik en syn tematysk dêrby oanslutende fyfde elpee It goede libben. Dy lêste hat as cd-titel De Skepping krigen.
Op beide lûddragers stean allinne mar bibelske teksten fan Fedde Schurer (1898-1968) út dy syn bondel De gitaer by it boek (1969). As men nei de tsien dúdlike balladen op ’e neamde skiven sjocht en harket, wurdt helder, dat de kombinaasje Fedde Schurer-Roel Slofstra ek hjoed-de-dei, in lytse heale iuw nei dato, noch altyd ‘wurket’.… Lês fierder
Besprekken
In earlik jongereinferhaal
Besprek fan De deikoersen fan Remco troch Bart Kingma
De deikoersen fan Remco is in young adultboek fan Bart Kingma oer Remco, dy’t prof wurde wol yn de hurdfytserij. Oan dy dream komt in ein as Remco yn july 2015 tsjin in beam oanknalt. De senuwen yn syn rêch binne fernield, hy leit yn it sikehûs en letter thús op in bêd foar it rút yn de foarkeamer. Besite krijt er hast net, de dochs al net sa geweldige relaasje tusken syn heit en mem wurdt hurd minder. Yn deiboekfoarm docht er syn relaas, oer syn hope dat er noch prof wurde kin en de tsjinslaggen dy’t er dêrby ynkassearje moat.… Lês fierder
Iensum yn it grutte wyt fan de leechte
Jan Kleefstra hat in relatyf grutte bekendheid as performer. Dat docht er in soad yn ’e mande mei broer Romke yn it projekt Tsjinlûd. Mei dat projekt binne ek oare dichters en muzikanten anneks. In oar projekt wat dêr út fuortkommen is, is Klanklânskippen, in multymediaal barren mei Japanske filmmakkers. Dêrmei hawwe se ûnder oaren op it Media Art Festival yn de Westertsjerke, oftewol it âlde Poppodium Romein, yn Ljouwert optreden. Mar ek hawwe se mei Klanklânskippen yn Rotterdam en Nijmegen stien.
Kleefstra dichtet sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Hy docht dat it leafst yn it Nederlânsk, mei’t dat fierder fan him ôfstiet en dêrmei minder tichtby komt.… Lês fierder
Aggie van der Meer, ‘Tei-iizje / Lok-azen’
Op it steapeltsje mei te besprekken boeken lei de twatalige bondel fan Aggie van der Meer, Tei-iizje / Lok-azen, út 2014, in útjefte fan Uitgeverij De Contrabas en Hotsum. Oaren hawwe al skande sprutsen oer de leafdeleaze foarmjouwing fan dizze bondel en mei ien eachopslach sjochst yndied wat der oan de lay-out mankearret.
Mar ek ynhâldlik en kwalitatyf hie der mear omtinken jûn wurde moatten oan dizze ûngelikense poëzysamling. Der sit nammentlik in moaie, oangripende bondel mei fersen oer ferlies, âlderdom en in stadich ferfal fan geastlike fermogens ferburgen yn Tei-iizje en dat komt der no net út. In stevige redaksjonele begelieding, in betûfte hân dy’t wit wannear’t hy of sy de reade pinne brûke moat, immen dy’t it Frysk en Nederlânsk flink behoffene hie: dat hie allegear in stik holpen.… Lês fierder
Kramtried: lokaal kabaal
Kramtried: goeie namme foar in metalband! Dizze fjouwer Wâldmannen ha mei Grutter, Grouwer, Grimmitiger ein 2015 har debútalbum útpoept. Neffens my is dat sûnder al tefolle bekendmakking bard. Fia Tamme Oosterhof fan BigBadWolf Records krige ik in eksimplaar tarikt foar dit besprek.
As ik de cd yn myn hannen drukt krij, falt fuortendaliks op dat it wat wei hat fan in punk-release. De hoes is mei de hân tekene yn wyt, swart en read. De foar- en achterkant foarmje tegearre in heal oan barrels lizzende stêd. Dêr oerhinne in pear krêftige typmasineletters en fierder net folle poeha. De punkige hoes past prima by de muzyk: drums, bas, gitaar en sang en fierder gjin ûnnedich gedoch.… Lês fierder
Nanne Kalma 50 jier muzikant én liettekstskriuwer (1965-2015)
2015 wie in jubeljier foar Nanne Kalma (66) fan Burgum. Hy koe net allinne syn 50-jierrich jubileum as muzikant fiere: mei de troch him yn 1975 oprjochte Frysktalige folkgroep Irolt koe er ek in stikmannich útferkochte reunykonserten jaan. Boppedat kamen fan Irolt alle sân, tusken 1975 en 1985 ferskynde, elpees as cd út. Reden foar Omrop Fryslân-telefyzje om op 8 novimber 2015 in dokumintêre oer Nanne Kalma en ’e skiednis fan ‘syn’ groep Irolt (opdoekt yn 1987) út te stjoeren. Yn dy, fierder fakkundich makke, dokumintêre binne in pear wichtige ‘fasetten’ fan Nanne Kalma syn muzikantskip, lykas syn grut tal bydragen oan it Esperanto-lieterepertoire, ûnderbeljochte bleaun.… Lês fierder
Slikje oer in rau steed
De dichter Elmar Kuiper komt nei granytglimkes (2011) – dêr’t okkerdeis in twadde printinge fan ferskynd is – mei in netsjes fersoarge nije bondel, hiemsiik. De bordeaux-reade kleur fan it omkaft lit jin oan in psalmboekje tinke. It binnenwurk is ienfâldich en hat in kreaze opmaak en in moai lettertype. Bloedreade siden dy’t in nij skift oanjouwe en trije tekenings fan Sjoukje Idema dêr’t Kuiper de gedichten apart foar skreaun hat, sa lei er út op ’e presintaasje.
Syn earder wurk oereidzjend kin der maklik sein wurde dat Kuiper in man fan klank en ritme is. Dêrby jout er bylden, bylden dêr’t de lêzer net altiten ien, twa, trije in knoop oan fêstknope kin.… Lês fierder