Geart Tigchelaar

Kulferhalen, mar gjin flauwekul

logo.ensafh

In tin boekje, krekt 80 siden. Njoggen skriuwers. Fol mei saneamde kulferhalen sa’t it foarkaft ús foarhâldt. Ferhalen foar manlju. Wat moat men jin dêrby foarstelle? Ik hie in hiel oar boekje ferwachte. Flauwichheden oer bazige froulju dy’t de manlju goed ûnder de tomme hâlde. In soad pis- en poepgrappen, in soad seks, faaks noch wat geweld. Stereotype manlju dy’t fan fuotbaljen hâlde, rûch yn ’e bek binne, en wat al net mear.

Mar neat fan dat alles, eins. En dat fûn ik alteast net slim. It binne njoggen hiel ferskillende ferhalen kwa styl, struktuer en tematyk. Soks is fansels logysk mei njoggen ferskillende skriuwers.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Knappe hannel

logo.ensafh

Besprek Bedoarne hannel fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong is al lang net mear wei te tinken út de Fryske literatuer. Mei syn fjirde boek Bedoarne hannel komt er werom mei de personaazjes dêr’t wy mei yn ’e kunde kaam binne yn syn earste boek: Guozzeflecht. Bedoarne hannel kin lêzen wurde sûnder Guozzeflecht lêzen te hawwen, mar it is wol noflik dat dien te hawwen. Sa binne de personaazjes gjin frjemden mear en kin men jin folslein op it ferhaal stoarte.

Aukje, de dochter fan Jan syn eks-frou is ûntfierd. De plysje mient dat se as tsienerdochter harren âlden in hak sette wol en dêrom fuort bliuwt.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

It hert iepen foar NNB

logo.ensafh

Oer in skoftsje kom ik op dit plak mei in artikel oer ‘The State of the Art’ wat de Frysktalige lichte muzyk anno 2014 oanbelanget. Ien grut ljochtpunt wol ik it no alfêst oer hawwe: de groep NNB fan Dronryp. Okkerdeis ferskynde it tredde album fan dy noch altyd jonge band: Tekene foar it Libben.

Fiifpersoans plus gasten
Dat is alwer de tredde folweardige cd fan NNB. Earder kamen út: Rock & Beuke! (2009) en Bjusterbaarlik hurd (2012). NNB is yndertiid begûn as trio, besteande út: Wilco Kingma (gitaar, banjo, mandoline, sang), Gosse Pieter de Vries (bas, sang) en Brend Kingma (drums), mar spilet no as fiifpersoansformaasje, om’t ek toetseniste/tinwistle-spylster Sarina Kingma en snarepoender Pieter Hoekstra in plak yn ’e besetting krigen hawwe.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Effektive symboalyk

logo.ensafh

Willem Tjebbe Oostenbrink is gjin ûnbekende by literêr tydskift ensafh. Gedichten fan syn hân binne yn it Frysk oerset en op ús side publisearre. Oostenbrink wie ek dielnimmer oan de poëzijmarathon fan ensafh yn 2014 te Snits. Okkerlêsten krige de dichter de Borslapriis.

Yn 2013 ferskynde syn kreas troch útjouwer Philip Elchers foarmjûne fersebondel Opdreugde troanen.

De bondel is skreaun yn it Westerkwartiers, in Grinslânsk dialekt dat, alteast foar jo besprekker, dy’t yn it ferline yn dy omkriten gauris útfanhûs west hat, goed nei te kommen is. En foar wa’t al wat op ‘e doele rekket is der efteryn in tige handige Liest met stoere Grunneger woorden.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Gefaar en útdaging as speserijen fan it libben

logo.ensafh

Yn de Grykske mytology is it ferhaal fan de healgod Tantalus in tragysken ien. Tantalus waard troch Zeus yn fertrouwen nommen, mar beskamme dat fertrouwen troch ûnder oare te stellen en geheimen troch te fertellen. As straf waard Tantalus nei it ûnderste en slimste part fan de ûnderwrâld stjoerd, dêr’t Hades de skepter swaaide. Hy waard feroardiele ta de ivige toarst en honger. Tantalus moast oant it kin yn it wetter stean en alle kearen wannear’t er drinke woe, sakke er fierder de grûn yn en wannear’t er it fruit dat boppe it wetter hong pakke woe, slagge it him net.… Lês fierder

Edwin de Groot

It horloazje fan de hypnotiseur

logo.ensafh

Ik fal fuort mar mei de doar yn hûs. Dit is in boek dat der wêze mei. Lit de e-books har mar dwaande hâlde mei Skandinavyske thrillers, Esther Verhoeff en oare (foartinte-)literatuer. Dit boek moat fysyk belibbe wurde.
Thús mei in bakje kofje en Stimd Slik op skoat.

De kleur fan it omkaft ferrast my, want mei sa’n titel ferwachte ik in griis omkaft. Ynstee is de kleur mear akwamarijn of turkoaize. Mei de heale titel dêryn drukt en mei in fine giele letter de twadde helte. In hoeden en dochs prikkeljend foarmjûn omkaft dêr’t jo efkes nei sjen moatte. Der sit in ûnthjit yn; dit boek hoecht net allinne lêzen te wurden, of besjoen.… Lês fierder

Martsje de Jong

Kompleten – it mystearje fan libben, leafde en dea

logo.ensafh

Kompleten is in boek dat oan alle einen en kanten bol stiet fan symbolyk en rituelen. It binne eins trije ferhalen yn ien, in trije-ienheid dus. Ferline, hjoed en takomst spylje in rol. It ferline bestiet út brieven fan in pater fransiskaan yn Brazilië, it no is foar de ik-figuer yn in benediktiner frouljuskleaster en de takomst beskriuwt de sykte en it ferstjerren fan Jens, de man fan de ik-figuer.

It is de ivige syklus, de lemniskaat, de lizzende acht: ferline oan ’e iene kant, takomst oan de oare en yn it krúspunt it hjir en no. It is dizze lemniskaat, de 8, it getal fan de folsleinens, it figuer dêr’t gjin begjin en ein oan is, dy’t troch it boek hinne hieltyd werom komt en nea yn letters skreaun wurdt, sadat de ûneinigens sichtber oanwêzich bliuwt.… Lês fierder