Tsead Bruinja (1974) publisearret op ’e nij in twatalige bondel (Frysk-Nederlânsk): Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers. Prachtich foarmjûn mei etsen fan Mirka Farabegoli en de bondel kin lêzen wurde mei saksofoanartyste Femke IJlstra op ’e eftergrûn. Troch it formaat, de moaie printen, de opmaak en ek de kleur fan de gedichten komt it hast as in printeboek op jin oer. It is nammentlik sa dat de gedichten faak yn in oar lettertype steane, of dat se yn in beskate foarm en kleur ôfbylde binne. De opmerking oer it printeboek is dêrmei bedoeld as grut komplimint foar de foarmjouwing, mar ek foar de boartlikens fan de bondel.… Lês fierder
Besprekken
Krossmediale Kimswerter kriger
Yn nûmer 7 fan jiergong 2012 fan de papieren Ensafh stie in koart sinjalemint fan it boek fan Ate Grypstra Krús fan de Hollanner. Dêrby waard oanjûn dat der in wiidweidiger besprek folgje soe wannear’t it kompjûterspultsje it deiljocht sjoen hawwe soe. Spitigernôch is der noch gjin sicht op wannear’t dat útkomme sil, fandêr dat it no mear as tiid wurdt dat it besprek oer it boek al útkomt.
Ate Grypstra fan Bûtenpost dy’t dosint Ingelsk en Frysk is, hat mei Krús fan de Hollanner syn fyfde boek ôflevere. Earder ferskynden Heftich (2008), Rinze hat de hik (2010), Tsjang tsjin tiid (2010) en It Beest fan de Westereen (2011).… Lês fierder
Stiennen mei kraskes
‘Drank, drugs, seks, leafde, froulju, freonskip, oerhoer en leafdespine: der is net in band dy’t de rock ’n’ roll better libbe, belibbe, skreaun, beskreaun en op wûnderbaarlike wize oerlibbe hat as de Rolling Stones.’
Dat skriuwt oersetter Hein Jaap Hilarides op ’e earste side fan it boekje dat heart by de cd Stones yn it Frysk fan The Hangouts, dy’t op 20 april lêstlyn presintearre waard yn Poadium Asteriks te Ljouwert.
Tredde cd
Nettsjinsteande alle krektneamde, foar de ‘gewoane man’ faaks funeste yngrediïnten om in minskelibben ta in útdragen ein te bringen, bestiet de Britske band The Rolling Stones noch altyd.… Lês fierder
Troch eagen út El Fayoum besjoen
Paula Modersohn-Becker yn Museum Belvédère
Selsportret
Oaljeferve op karton
28,2 x 23 sm (sa. 1898)
Kolleksje Kunsthalle Bremen
Jo moatte net freegje wat in goed skilderij foar jo dwaan kin, mar jo moatte freegje wat jo foar in goed skilderij dwaan kinne. Dat kin eins mar ien ding wêze… goed sjen! In oar antwurd bestiet gewoanwei net. En dan wol in bytsje langer as de ‘trochsneed’ njoggen sekonden, dy’t besikers fan ferskate musea oer it generaal tsjintwurdich troch skine te bringen foar in keunstwurk, sa as in wittenskiplik ûndersyk okkerdeis foar it ljocht brocht. De eagen moatte kontakt ta stân bringe tusken skilderij en hert en harsens (jins hiele wêzen).… Lês fierder
‘Biltsikana’ op syn boppeste bêst
Jan de Vries fan Aldebiltsyl/Ouwe-Syl kin njonkelytsen wol in feteraan yn ’e Fryske popmuzyk neamd wurde. Yn 1996 makke er mei ‘syn’ noch altyd besteande band The Feetwarmers al it album Cold Feet. Op dy skiif sjongt er, spilet er gitaar, akkordeon, dobro en mûlharmoanika, en hat er as komponist de hân yn acht fan ’e fyftjin nûmers. De Vries achte him altyd mear muzikant as makker fan (Ingelske) lietteksten. Mei syn op 17 maart lêstlyn ferskynde Biltsktalige solo-cd Sieleroersels hat er him yn ien klap as in treflik liettekstskriuwer op ’e kaart set.
Biltsk
Dy cd telt nammentlik mar leafst 11 folslein eigen nûmers fan Jan de Vries.… Lês fierder
Vrieslân wûnderlân
Op it toaniel in mânselhege fûgelkoai. Dêryn hinget, yn ûnderjurk en hiernetsje, it tormintearre stal fan in meager manspersoan. Wannear’t it publyk syn plak fûn hat yn it teatersealtsje, komt er ta libben, langliddich dûnsjend om in foarwrâldsk model mikrofoan. In drag queen op jierren en op syn/har retoer, fertelt er yn fragminten syn libbensferhaal. Yn in wûndere gearmjuks fan Wâldfrysk en nichterich Amerikaansk. It iene nei it oare wrâldferneamde diva-liet wurdt ûnneifolchber nei skeakele: Dietrich, Piaf, Monroe, Douwstra. De tirade fan de diva dy’t weromkaam yn it homofobe heitelân einiget yn in kranksinnige muzikale draaikolk, in songen miks dy’t dy tagelyk ta laitsjen en ta triennen twingt.… Lês fierder
De Prottelbontebokker
Yn ’e rin fan de tiid binne yn de Fryske letteren al in tal resjersjeurs/plysjeminsken opdûkt, tink oan Nier Hinnebruier en Dynte Planteit fan R.R.R van der Leest, Sigrid den Oudsten en Anke Terpstra fan Riek Landman of oan Homme Veldstra fan Rink van der Velde. Sûnt 2008 hat Fryslân der wer in nijenien by: Ale Alema fan ’e Bontebok. Yn dat jier debutearre Jan Schokker (1952) mei syn plysjeroman De Koalmasaak, útjûn troch Utjouwerij Elikser. Der soe in rige komme, dy’t faaks noch net oan syn ein is. Ein 2012 kaam it fjirde Ale Alema-mystearje út: Lykspul.
It nuvere testamint
Ale Alema is in resjersjeur sa’t je dy wol faker tsjinkomme: hy is krekt oer de fyftich, hat in búkje, mei graach in drankje, is by de frou wei en hat in muoisume relaasje mei de baas.… Lês fierder