Beart Oosterhaven

Pearels fan tekst en muzyk

logo.ensafh

Nei al hast fjirtich jier yn it muzykfak sitten te hawwen, wie Sytse Haima fan Weidum ferline jier ta oan syn tredde soloalbum (sawol cd as elpee): Rûs op ’e line. Hoewol’t dat wat minder lykwichtich is as syn foarige skiif Tsjin better witten yn?, hat Haima mei ‘Rûs’ fannijs gâns pearels fan tekst en muzyk tafoege oan syn al mar útdijend oeuvre.

Boustiennen

De earste boustien fan dat oeuvre wie de finylsingle ‘Don’t let your head hang down / Rainy day blues’ fan ’e groep F.U.C., út april 1983. As sologitarist fan dy band hie Sytse Haima beide nûmers skreaun en komponearre tegearre mei slachgitarist en sjonger Pier Koopmans.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

‘Keel’, in feest foar ear en each

logo.ensafh

In ‘gewoanere’ eigennamme as Jan de Vries is yn it Nederlânske, Fryske en Biltske taalgebiet suver net te finen. Mar de Biltske ‘sanger-fersyskriver’ mei dy namme kaam koartlyn wól mei in cd-album fan ‘bûtengewoan’ hege kwaliteit: Keel. J.J. Cale in’t Bildts.

J.J. Cale en Eric Clapton

De Amerikaanske sjonger-lietsjesskriuwer en gitarist J.J. Cale waard op 5 desimber 1938 as John Weldon Cale berne yn Oklahoma-City. Hy groeide op yn Tulsa (Oklahoma) en stoar op 26 july 2013 yn La Jolla (Kalifornië). Yn 1971 debutearre er as soloartyst mei it album Naturally. Neitiid folgen oant en mei syn lêste, Roll On (2009), noch 14 studioalbums.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

‘hij börtet licht mei dyn beeld fan’

logo.ensafh

De titel fan ’e debútbondel fan Joël Hut is börtersgrut. De boarters binne grut, sa lês ik de titel. It liket ek wat op ‘boartersguod’. Boarterij foar grutte minsken?

De bondel is yn trije skiften ferdield: ‘spul. wat der is’, ‘spul. wat der spile’ en ‘spul. wat der spile is’. Giet it yn it earste skift om ‘spul’ yn ’e sin fan guod? Yn it twadde en tredde om it spyljen fan spultsjes, it spile hawwen fan spultsjes? We sille sjen.

Elk skift hat 8 gedichten. Der wurdt boarte mei taal, dat is al gau dúdlik, de taal fan ’e Súdwesthoeke.… Lês fierder

Jelma Knol

Ferdwaald tusken Bakhuzen en Hoonhorst

logo.ensafh

Jetske Bilker docht yn har nijste roman Spegel en sonde eat dêr’t se bysûnder goed yn is: se leit op in hast comedy-achtige wize it libben bleat fan minsken út kreative beroppen dy’t frjemd geane en soks kamûflearje mei in soad foarsoargen en sa nedich ligerij. Dat docht se op in lichte toan, de karakters fan en de ûntwikkelingen tusken de personaazjes wurdt fierhinne helder yn de dialogen en de plot stekt bysûnder knap yninoar.
Der falt dan ek hiel wat te gnyskjen om de tûkelteammen fan de personaazjes. Diskear is de readhierrige, 55-jierrige Pippy Doutsen van der Hoop, in toskedoktersassistinte dy’t oan de Gerrit Rietveld Akademy studearre hat en ea in suksesfolle keunstneres wurde soe, de haadpersoan.… Lês fierder

Jelma Knol

Antsje Swart oer Trinus Riemersma syn ier skriuwerskip

logo.ensafh

Foar minsken dy’t Trinus Riemersma kend hawwe en leafhawwers fan syn ier wurk is Bûntskildere werklikheid. Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma fan Antsje Swart in oanrieder. Frou Swart, de earste echtgenoate fan Trinus Riemersma, beskriuwt út har ûnthâld wei, wat se mei Trinus as oankommend skriuwer en ûnderwizer belibbe hat. De húslike omstannichheden fan it jonge pear, dat it iene bern nei it oare op de wrâld set, binne op in feardige wize delset en it skriuwerskip fan Trinus en dy syn literêre kontakten en opinys ek. Der steane pearels fan anekdoates yn dêr’t men jin as lêzer o sa mei fernuverje kin.… Lês fierder

Jelma Knol

Besprek: Wy strûpe derûnder! fan Gjalt de Groot

logo.ensafh

Mei Wy strûpe derûnder! hat de boer en fjildman Gjalt de Groot in alderaardichst boek skreaun oer it buorkjen en fiskjen yn âlde tiden. It earste part, Jeen en Anne, beskriuwt yn romanfoarm it hurde en somtiden aventoerlike libben fan it jonge pear foardat it op 12 maaie 1919 op de Koaipleats yn de Alde Feanen telâne kaam. It twadde part bestiet út losse ferhalen oer de bewenners fan de Alde Feanen, de famyljes dy’t buorken op Cuba. Op ’e Koaipleats, Luctor et Emergo en Laban, yn de perioade nei de Earste Wrâldkriich, mar ek letter. Sytze en Maaike, dy’t lanlike bekendheid krigen troch de kranteferhalen fan dûmny De Stoppelaar, binne net oerslein.… Lês fierder