It hat kritika Elsbeth Etty west dy’t sei: ‘Op faceboek en Twitter kan de literaire wereld er soms uitzien als een zichzelf constant feliciterende massa.’ Wat my oanbelanget hearre de kritiken op it mêd fan proaza en poëzy yn de measte deiblêden ek by dy lokwinskjende wrâld. Yn De Groene Amsterdammer is Kees ’t Hart noch âlderwetsk kritysk sa’t it eins heart. Hy hat dan ek in gedegen literêre oplieding hân, is sels skriuwer en syn styl fan skriuwen noeget út. Nei de bek prate hat er nea dien. Skriuwer en lêzer ha wat oan syn kritiken.
Wiene Anne Wadman yn it ferline, en letter ús generaasje fan de sechtiger en santiger jierren soms tige kritysk, no is de strikt literêre krityk dêr’t literêre arguminten in rol spylje oangeande tema’s, metafoaren, styl, foarm en problematyk yn in roman faak fier te sykjen.… Lês fierder
Besprekken
Fiksje en feiten oer Harmen Sytstra
As jo net in soad witte fan Harmen Sytstra en jo wolle dêr feroaring yn bringe, dan liket Kom oer it wetter fan Piter Terpstra in aardich begjin, mar hiel ferhelderjend is it úteinlik net. Mocht it jo lykwols om lânferhuzers healwei de njoggentjinde ieu gean – dêr’t fansels de titel ek op slacht –, dan jout it boek dochs in aardich begjin. Fia Tsjibbe Gearts van der Meulen dy’t as emigraasje-agint optreedt fernimme jo hoe’t it de minsken fergiet dy’t nei Amearika ta wolle en hoe’t it harren dy’t it weage hawwe fergong is. It ferhaal fan Hjerre Folkertsma dy’t alles op alles set om nei Amearika te reizgjen, mar op it lêste momint belies jaan moat om’t syn frou net mei wol en by it skip wei flechtet, is hertferskuorrend – benammen as er in pear jier letter genôch jild fan de rederij weromkriget om it nochris te besykjen: ‘It wie oft er noch wraksele mei syn lêste twivel doe’t er wjerhelle [sic]: “It is te let.”… Lês fierder
Besprek oersetting mearkes fan Grimm
As bern hast gjin kar: mearkes komst oeral tsjin. It hat gjin doel dy der tsjin te fersetten, want oft it no in printeboek is, Disney-DVD of in ferhaal dat de juf fan it pjutteboartersplak fertelt, Readkapke, Frou Holle en Sniewytsje sykje dy allegear yn de earste jierren fan dyn libben op. Al kinne wy allegear de ferhaaltsjes wol neifertelle, dochs is it mar de fraach hoe goed wy de mearkes echt kenne.
Hokker heit fertelt hjoed-de-dei noch dat der mear as ien west hat dy’t besocht hat Toarnroaske te sykjen yn it kastiel dat mei toarnstruken begroeid wie. Hja stjerren in tryste dea, nei’t se fêstrekke wiene yn de struken.… Lês fierder
It skolp’rige wiet
Om it jier 2000 hinne wiene der twa bands yn Fryslân dy’t de toan oanjoegen: De Kast en Reboelje. Earstneamde, foaral Hollânsktalige, groep hat bestien fan 1992 oant 2004 en is sûnt ein 2006 fannijs warber yn har meast suksesfolle besetting, nammentlik dy mei Syb van der Ploeg as sjonger-frontman en mei Nico Outhuijse as drummer. It folslein Frysktalige Reboelje fierde triomfen tusken 1987 en 2003.
Dizze hjerst ferskynde lang om let it earste alhielendal Frysktalige album fan De Kast: Dreamflecht yn de tiid. Fan ’e eardere grutte man fan Reboelje, sjonger-toetsenist Marius de Boer, kaam, ûnder de flagge fan Mariusz & de Muzikanten, de cd De nacht wachtetút.… Lês fierder
Dassehumor yn in geef en sêft printeboek
Knipperke, it berneboekewykgeskink fan ’t jier, kin net oars as in grut súkses wurde. It printeboek fan skriuwster Lida Dykstra en yllustrator Natascha Stenvert is werklik in plaatsje. Dykstra hat lyktidich in Nederlânske oersetting makke ûnder de titel Dutje dy’t earder fan ’t jier al ferskynd is. Lida Dykstra is fansels bekend as berneboekeskriuwster, mar Natascha Stenvert is yn en bûten Nederlân ek in grutte namme op it gebiet fan yllustraasjes. Stenvert yllustrearret njonken berneboeken ek printeboeken foar folwoeksenen. Bysûnder is dat se ek alris in boek sûnder tekst makke hat. Yn Knipperke hawwe de yllustraasjes in grut oandiel yn it boek.… Lês fierder
Froulju mei in ferline
Besprek Aggie van der Meer In moaie dei yn ’e hjerst / Wa rêdt Cesilia Tan
Teset oer Tolkien – fragmint
Bysûndere besites
De uterlike ferskillen tusken de Tolkien-oersettings fan Anne Tjerk Popkema en Liuwe H. Westra lykje frij grut, mar mei it lêzen blykt ek al gau de oerienkomst: dat de Fryske taal bjusterbaarlik goed past by de fantasijwrâld fan Tolkien. It fernuveret hielendal net dat de hobbits Frysk prate en de lânskippen fan it Goa (the Shire) en de rest fan it lân Midierde (Middle-Earth) komme yn de Fryske beskriuwings prachtich ta libben. It Frysk is ek tige geskikt foar de droege humor fan Tolkien, mar likegoed kin it de tsjustere driging en mysterieuze saken dy’t foarfalle oangripend foarm jaan.… Lês fierder