Op freedtejûn 16 novimber 2007 waard yn ‘De Buorskip’ te Beetstersweach de cd Nachtrave fan ’e ‘Wâldrock’-groep Bricquebec presintearre. By dy gelegenheid rekke ik yn petear mei de bruorren Sido en Roelof Wagenaar, respektivelik sjonger-gitarist en drummer yn ’e band Helder. Sjonger-mûlharpist Henk Osinga fan ’e bluesformaasje Chickens Go Mad wie ek by dat petear. Op in stuit kaam de winsklikens om (in part fan) it repertoire fan ’e Ingelske boogierockband Status Quo yn it Frysk oer te bringen en dat dan op cd te setten, te praat. De Wagenaars hiene fuortdalik foar eagen hoe’t soks moatte soe: it soe in prachtich projekt foar Helder wêze en op sa’n wize dy band nij libben ynblaze kinne.… Lês fierder
Besprekken
Ien doarp, ien fûgeltsje, in soad ferhalen
De Kollumersweachster skoalmaster Koos Tiemersma hat in nij e-boek skreaun ûnder it pseudonym Froon Akker. Einum is sawol yn it Frysk as it Nederlânsk te krijen.
It boek spilet him ôf yn it lytse plakje Einum dat net folle mear is as in gehucht mei lju dy’t stik foar stik harren eigen ferhaal hawwe. Yn elk haadstik wurdt ien fan de ynwenners beljochte mei harren wjerfarren en benammen gedachtegongen, of better sein gedachtekronkels. Elk hat syn eigen aparte ferhaal, mar likegoed hingje de yndividuen oaninoar. Sa wurdt oer Casper Bosch skreaun dat er fêstrûn is yn Einum (s. 55) mar dat jildt eins foar elk, al hat de ien der mear muoite mei as de oar.… Lês fierder
Moaie bak
Besprek Bak fan Sietse de Vries
De hollen fan de minsken rûzje noch nei fan alle ferkiezings wannear’t yn it begjin fan Bak, kadoboek skreaun troch Sietse de Vries, in jonge VVD’er fermoarde wurdt. Samson en Rutte hawwe krekt praat oer harren oparbeidzjen wannear’t De Vries meardere politisy opfierd yn syn boek. De haadpersoan, Sjerp Bak, kriget sels in relaasje mei in CDA’er, Geke Jensma.
Sjerp Bak is in wat sleauwe fyftiger dy’t al mear as tweintich jier op de stedsredaksje wurket en suver ien wurden is mei it meubilêr. Dat makket him ta in soarte fan ikoan, mar wurdt him lykwols ek wolris ferwiten troch dizze of jinge.… Lês fierder
Dit is it gedicht dat poëzij net maklik makket
De namme Elske Kampen kaam ik yn 2006 foar it earst tsjin yn de dichtbondel foar de foardraachkriich FeRstival. Ien dy’t in fers fan Kampen útkeas, waard fuort as grutte konkurrint besjoen. Oan sa’n namme hong in kaartsje, lykas oan Tiny Mulder. De gedichten lizze goed yn it gehoar en slute oan by de libbenswrâld fan jongerein. Oant no ta binne njoggen fan har gedichten foar it FeRstival brûkt en dêrfan steane twa yn de nij ferskynde bondel Dit is it gedicht/Dit is het gedicht. In twatalige bondel, dêr’t ek fiif fan har earder ferskynde Nederlânsktalige gedichten op ’e nij in plakje yn krigen ha.… Lês fierder
Mear roman as misdied
It nijste boek fan de ‘nije Fryske folksskriuwer’, sa’t Ferdinand de Jong troch syn útjouwerij delset wurdt, hat ‘misdiedroman’ meikrigen as oantsjutting op it omslach. No wie der yn de eardere boeken Guozzeflecht en It Dak fan de Wrâld ek al it ien en oar te rêden op it kriminele flak, mar yn De Lêste Trúk gean we werklik op ’en paad mei in resjersjeur fan de polysje. Dizze Evert Jaarsma is resjersjeur moardsaken wurden, nei’t er trije jier tebek syn frou en harren ûnberne bern ferlern hat by in slim ûngemak, in ferlies dat him noch hieltyd swier op it hert leit en in fertriet dat it bêst te bestriden is mei alkohol en jin fêstbite yn it wurk.… Lês fierder
Prima teksten, en meastal de goede toan
It moaie fan platesaak King Kong Records te Ljouwert (Foarstreek 11), is dat yn ’e euro-bakken by de yngong ek geregeldwei, as lokkerkes, de moaiste lp’s (want dy binne al wer in skoft hartstikke hip!) en cd’s te finen binne. Sa trof ik dêr okkerdeis de noch mar krektlyn ferskynde cd Wytfear fan Grytsje Kingma út Sint Jânsgea yn oan.
Wytfear is de opfolger fan Kingma har debút-cd Wjerlûd út 2010. Lietteksten fan dy twa skiven steane behalve yn ’e kreas fersoarge cd-boekjes ek yn har bondel Tûzen dagen, dy’t yn oktober 2011 útkommen is.
Teksten
Op ’e cd Wytfear binne 14 nûmers te hearren.… Lês fierder
Onderhodende horror út de Woden
Ynienen wiene der fan ’t hjerst de stickers. Op Ljouwerter lantearnepeallen en jiskebakken seachst dy oranje moannen mei it profyl fan in gûlende wolf. It Beest fan de Westereen kaam deroan.
Fryske horror, djip út ’e dûnkere Wâlden, bluodderich en blastich. Jo resensint lies dizze roman op in tsjustere hjerstjûn, yn de trein nei Grins, dy’t by in ferlitten Kûkherne lâns gisele. Krekt dêr, op in sodzige kemping op Kûkherne, spilet ien fan de aaklike kaaisênes fan It Beest him ôf.
Ate Grypstra (*1973) syn Beest fan de Westereen is in boek dat him op minstens trije nivo’s lêze lit. Foar de ien is it moai grouwélich horrorferhaal.… Lês fierder