Gerbrich de Jong

Leafde yn Ljouwert, mar net foar it Frysk

logo.ensafh

Yn de maitiid fan 2020 ferskynde de alderearste Fryske bouquetroman, in ‘collector’s item’. It boekje is skreaun troch “Fleur van Ingen”, dy’t in man fan middelbere leeftiid (1962) blykt te wêzen. Fleur van Ingen is de alderearste man dy’t it sjenre beoefenje mei foar de grutste útjouwerij fan Bouquetromans: Harlequin. Foar dizze Fryske edysje hat Fleur van Ingen “in superromantysk” ferhaal skreaun dat him yn Ljouwert ôfspilet. Dêrnei hat Martsje de Jong der in Fryske oersetting fan makke. In moai inisjatyf en ek fruchtber, want mei de ferkeap giet it goed. Hjir en dêr waarden fuort hiele doazen ferkocht. By Van der Velde yn Ljouwert lei it boekje op de toanbank, as ‘kassapakker’ foar fiif euro.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Boudewijn de Groot ‘wertaald’

logo.ensafh

Oan ’e njonkelytsen moai lange rige fan albums dêr’t nasjonale en ynternasjonale artysten en groepen yn it Frysk op covere wurde, is ein ferline jier wer ien tafoege: Boudewijn de Groot yn it Frysk! Cees de Wolff fan Âldskoat hat foar dat album tsien besteande nûmers oerset. Of better sein: ‘wertaald’.

Popsongs yn it Frysk

En lit my it fuort mar sizze: Cees de Wolff en ’syn’ fiif útfierende artysten – dat binne: Grytz (= Grytsje Melchers, trije nûmers); Sipke de Boer (twa); Jan Dirk van Ravesteijn (twa); Adri de Boer (twa) en Jan Nota (ien nûmer) – hawwe wier net de minste bydrage levere oan ’e neamde rige!… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Feteranefolk

logo.ensafh

2019 wie in produktyf jier wat de feteranen ûnder de Frysktalige sjonger-lietsjesskriuwers oanbelanget. Begjin febrewaris kaam fan Sytse Haima (*1960) syn twadde solo-album Tsjin better witten yn? út en yn july respektyflik augustus ferskynden, fuort efterinoar, de cd’s Op ’n Paad fan Gurbe Douwstra (*1954) en Set ’m op fan Jaap Louwes (*1955) en syn begeliedingsgroep De Lossebinde.

Sizzenskrêft

Op ’n Paad is it fjirde album fan Gurbe Douwstra, nei Dizze stoarm (2001), Myn eigen paad (2005) en Thús (2010). De skiif telt yn krapoan fjirtich minuten tsien nûmers, allegearre op tekst fan ’e útfierder Gurbe Douwstra sels. Wat it sjongen oanbelanget, lit Douwstra him yn ’e koarkes bystean troch it natuertalint Gerbrich van Dekken.… Lês fierder