Wetter-Tour Fryslân 2009

logo.ensafh

It Frysk ferdwynt mei Fryslân ûnder wetter. Itselde jildt de kommende tiid foar de nije roman fan Koos Tiemersma. It boek sil de kommende tiid út it sicht ferdwine om op ûnferwachte plakken op te dûken.

Mei Ernst Langhout en Johan Keus ûndernimt Koos Tiemersma in Wettertour troch Fryslân, net op bewende en bekende plakken as teaters en biblioteken, mar by minsken thús!

Mear ynformaasje op www.froonakker.nl

Mogelijk ondersteunt de browser de weergave van deze afbeelding niet.Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 13. Deiboek en reis fan Jan van Vliet

logo.ensafh

It byhâlden fan deiboeken is fan alle tiden, al hjit it tsjintwurdich dan ek wol blog of weblog. Jan van Vliet (1620-1666) reizge yn 1643 troch Fryslân hinne en hy docht ferslach dêrfan yn in deiboek. Hy wie in abbekaat dy’t foar in bestjoerlike karriëre keas. Mar hy hie in grutte niget oan wittenskip en benammen ek oan taal, al lei syn betûftens mear yn ’e bridte as yn ’e djipte. Hy wie sels gjin Fries mar in Sieuw, dy’t himsels Frysk learde.

It deiboek is spitigernôch mar in pear siden. It is skreaun yn ûnderskate talen: Latyn, Frânsk, Hollânsk, Italiaansk, Frysk en Ingelsk.… Lês fierder

Midfrysk Goud i | 5. Johan fan Hichtum (1639)

logo.ensafh

Ansk en Houk
In Frysk gesprek fan Ansk en Houk, mem en dochter

Fryske gearspraak fan in mem mei har man-sljochte dochter. De dochter hjit Houk, de mem Ansk. Hiel noflik en nijsgjirrich foar fammen en feinten om yn it Frysk te lêzen en te sjongen.

Houk
O leave Heare God, wat sykte soe my deare,
Al flok ik der ek om, hja boaskje allegeare,
Behalve ik, earm faam, is dat net al te sljocht
Dat der net ien feint is dy’t ienris nei my sjocht?
Ik bin lykwols net lelik, en ik bin ek net mismakke.
It is in wûnder spul, ik kin it net yn wurden pakke,
Hoe drôvich as ik bin: as ik yn ’e himel wie!

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 11. Petrus Baardt (1590- 1644)

logo.ensafh
Petrus Baardt: Fryske Boerepraktika

III. Fan de moanne

Dat wie it wat de sinne joech.
Nim ek de moanne by dyn ploech,
en, hûsman, hâld dit meast foar best,
wannear’t de moanne lit yn it west
syn earste nije hoarnen sjen,
klearspitsich troch de wolken tsjen,
en dat omtrint de fjirde dei,
dan komt moaiwaar der meastal nei
en sok in waar as dan begjint
stiet fêst sa lang’t de moanne rint;
mar lit er leadich, swart of grau
of poarper, pears en bûnt of blau
syn earste nije spitsen gean,
dan sille rein en wetter flean’
en al de swarte blauwe loft
is neat as wetter op dyn skoft.