Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 28. Gysbert Japicx

logo.ensafh
De kluchtige Gysbert II

Sjolle Kreamer en Tetsje

Jout men oeral de kreamers nei
dat se loai lizze oan ‘e wei
om te skoaskjen yn ‘e sinne
at se fjouwer huzen rinne
mei in bargehok foarby?
Mar it is wier, foar it earst, foar my.
Ik wurd wurch en it soe my lêste
dat ik hjir in bytsje rêste.
Leit it lok noch foar de stjûn,
dan berin ‘k it fan ‘e jûn.
Kreamerkoer, ik lit dy sljurkje.
Ik moat ris boartlik sjonge en ljurkje,
ik moat ris fan in oars fertriet
lillepypkje in noflik liet
en it sil myn gea-feints sear net reitsje.

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 14. Titia Brongersma

logo.ensafh
De fjouwer gedichten út ‘De Bronswaan’.

Wa wie Titia Brongersma? Ien fan it beheinde hear fan skriuwende froulju yn ‘e santtjinde ieu (sjoch ek hjir). Nea troud, en se hat leafdesgedichten skreaun oan Elizabeth Joly; se wurdt dêrom wol yn de kontekst fan lesbyske literatuer bestudearre.

Ik wol wylst efkes wize op it feit dat harsenûndersyk ferskillen tussen homo’s en hetero’s oan it ljocht brocht hat, en fierder dat der ek wolris minsken (ja, minsken) berne wurde waans geslacht by berte net goed te sjen is. Soms klearret dat nei de pubertiid op, soms net. Yn dat ferbân wol ik derop wize dat yn it doopboek foar jonges te Dokkum foar it jier 1651 in Tiette neamd wurdt, sûnder dat de heit en de mem neamd wurde (Brongers 1996, It Beaken, noat 37).… Lês fierder

Midfrysk Goud i. | 21. Gysbert Japicx

logo.ensafh
De Lyryske Gysbert I

Gysbert Japicx fertsjinnet in aparte rige binnen de rige Midfrysk Goud. Dêrom sil ik de neikommende sân ôfleveringen besteegje oan dy syn wurk. Ik slút de Gysbert-rige ôf mei in kritysk essay oer syn wurk.

De Ingelsken ha Shakespeare, de Dútskers ha Goethe, de Hollanners ha John de Mol, en wy, wy ha Gysbert. Dizze wat yntroverte al te yntroverte en evenredige al te evenredige man is de reden dat ús minderheidstaaltsje noch altyd libbet, as in wylgemoes yn de rusken by in âld moddersleat, dêr’t barchjeblommen, doerebouten en pompeblêden grut en lyts yn poatsjebaaie. Sa moat it wêze, it Frysk ferliest yn de earedivizje mar wint yn de neikompetysje en mei noch efkes bliuwe.… Lês fierder

Midfrysk Goud i | 8. Johan fan Hichtum (1639)

logo.ensafh
Ansk en Houk: eksistentiële Eangst en eroatyske langst.

IV Van Hichtum en de Sinzuer (ein): Rigel 172 – 238.

Ansk
No goed ik wit net mear, stin der sels mar op om,
En witsto better rie, dan mocht ik dat wol lije,
Mar bern, ik bin benaud, do silst gjin better krije,
In al te waanwiis hin leit har aai yn ´e ûnderwâl,
Tink derom, en skyt dysels net wei.

Houk
Ik leau, jo binne mâl.
Wa wol mei minder ta, wat soe ik dêrmei bedije?

Ansk
Ja mar, ik bin benaud, do silst mei nimmen frije
Asto sa keken bist; miensto dat der in greve
Noch om dy komme sil?

Lês fierder