Ik ha dy leaf
Ik ha dy leaf mei al myn hert,
by dy is al myn nocht allinne.
Myn himelryk is yn dyn skert’
en troch dyn eagen skynt myn sinne.
Eartiids doe’t wy swilen
Eartiids doe’t wy swilen
lei ik mei ien yn it hea,
te boartsjen en te lyljen,
wy spilen pea om pea,
Hja woe sa graach as my.
Wy hiene fan nimmen aan.
Wêrom soene wy it net dwaan?
… Lês fierderSil ik dy ris …
Sil ik dy ris …
do witste wol …
Sis leaf,
wêrom wolst it net lije.
Ik bin ommers oeral sêft en bol,
it oare soe him ek wol flije.