En as Gysbert Japicx net yn it Frysk skreaun hie, mar allinnich yn it Hollânsk? Hy soe sels net foarkomme yn Gerrit Komrij syn De Nederlandse poëzie van de 17e en 18e eeuw in 1000 en enige gedichten. Mar Gysbert hat ek yn it Hollânsk skreaun. En hy komt net foar yn Komrij. Mar om’t er yn it Frysk skreaun hat, is de namme fan Gysbert Japicx noch altyd bekend, wylst hûnderten fan syn Hollânsktalige kollega’s, faak bettere skriuwers as hysels, fergetten binne. En Gysbert wurdt, oars as de fergetten Hollânske kollega’s, ek noch wol lêzen, foaral sûnt Breuker (2003) in kar út syn wurk besoarge hat, mei oersettingen yn it Nederlânsk (Tamminga en Atze Bosch) en it Nijfrysk (Klaas Bruinsma en Jan Popkema).… Lês fierder
Midfrysk Goud i
Midfrysk Goud i. | 26. Gysbert Japicx
… Lês fierderDe tsiende psalm
1.
Wêrom, ús God, wêrom steane Jo sa fier?
Wêrom ferskûle, yn ’e tiid fan need en bea?
Och! It godleas skom, fjoer-hjit, as wreed ûndier,
oermoedsk, ferfolget it earm from folk ta d’ dea.
De earmoedige achtsje se lyts, ja min as neat.
Lit har eigen oanslach eigen holle oangripe,
lit har eigen tins har kwea hert sels trochknipe.2.
De ferdoarne, O, en yn it ferdjer behurd’,
dy jout slim op fan it fûl’ troch him ferrjocht’,
giet godleas op syn smjuntich misdie grut
hy spilet, graai en klau wat rint of fljocht,
hy priizget winstb’jach, slokt yn wat er sjocht,
hy âlet, hy mâlet, hy râlet smaad, skande, ûneare,
o himel-spyt, hy lasteret de Heare.

Midfrysk Goud i. | 24. Gysbert Japicx
… Lês fierderJaan is leafde, nimmen is tsjeafte
(Wize: mijne harp bekleedt met rouwe)1.
Yn it tule-wrakseljen, yn it djoeien,
yn it snap-snobjen, ljeaf,
yn it fereale-lille-boartlik stoeien
neamste my tsjeaf, tsjeaf:
om’t ik ûnder patkerije,
pea-sljocht, sûnder lûd,
intere mei mûle-stjit twa trije
dyn giel-poddehier en toet.2.
Gouden krollebolle holle,
it liket berns-petear,
jaan of nimmen, skeelt rju folle:
haw ik stellen, hear,
as ik jou? Ho! Kin in jouwer
tsjeaverij begean?
Bazelsto net, fjildbebouwer?
Wa soe it oars ferstean?3.
Dij soe ik earder, mei rjocht, betichtsje
fan tsjeafstal, stellerij:
by dat patsjen, by it swichtsjen,
stielsto it hert fan my.

Midfrysk Goud i. | 23. Gysbert Japicx
… Lês fierderWa’t tiid net brûkt, ‘dy’t tiid ûntgliidt, ûntfljocht, ûntdûkt’, men wurdt se kwyt
(Wize: si c’est pour mon pucelage.)Ljeafke, lit ús sobje en sabje
wylst it ús mûlket, lumet en lêst,
dat is ommers fierwei bêst.
Lit se gnoarje en ús belabje,
waans fjoer waard ta jiske en tar.
Alle dwaan hat tiid en bar.Sinne en moanne rize en dûke,
simmer, winter, foarjier, hjerst
einje en libje alwer as earst.
Tutelke, as we ús tiid net brûke,
no’t se ús tsjinnet, rint se te ein:
en wa tilt wer de holle oerein?Paaierke, myn swiet fermeitsjen,
dy’t my himels swietheid jout:
jou my hûndert patkes, bout!