De genade van een krimpende geest/De genede fan in krimpende geast, hyt de twatalige debútbondel fan Irene Bal, dy’t prachtich fersoarge útjûn is, mei foto’s fan Ronald Arthur van Schaik by elk gedicht. Stichting Uitgeverij Philip Elchers út Grins is de útjouwer.
Fansels bin ik de lêste dy’t dizze bondel resinsearje moat, want ik haw in saaklike relaasje mei frou Bal: se hat twa berneboeken útjûn by de Friese Pers Boekerij. Mar wat goed is moat sinjalearre wurde: sjoch dit stikje dan mar as in net al te objektive foarm fan konsumintefoarljochting.
De titel(s) fan de bondel fan Bal (tenei neam ik yn dit besprek allinne de Fryske titel fan in fers en de side) is/binne fuortdaliks al moai dûbelsinnich.… Lês fierder