
… Lês fierderDe deageried
1
O libbenswekker, deageried,
dy’t ús it himelsk goud oanbiedt!
Myn hert wjukt op myn longe,
fielt nije krêft, hiele natoer
moat op dit blide moarntiidsoer
yn rom en gloarje sjonge.2
De nacht, dy fijân fan ’e dei
fljocht foar dit each-striel-ynsicht wei
mei al syn feale skimen;
wat libbet fielt in blide fleach
by it kliuwen fan it himelseach
út de Easter-skerte en -kimen.3
Mar wat is dit? Is it griene lân
troch it sinnefjoer as yn ’e brân
en mei in reek bedutsen?
Der is gjin fijân fan natoer, –
hja hat it ûnderierdske fjoer
oan keatlings fêst berutsen.