
… Lês fierderAlde fammen ôf te klopjen
Alde fammen ôf te klopjen
as de tiid der rjocht op hat
is foar har net te ferkropjen.
Tink! De stimpel knypt en knet,
frijt noch paait, fielt nea langst-lûkje
kriet se yn need oan Cupido,
mar yn it hert dêr wâlet in spoekje,
dy syn namme is legio.Hoe kin dit de tekst ferklearje
no’t it myn dochters jierdei is.
Nee, mar hoe’t ik it ek probearje,
‘k slaan rûnom registers mis,
rymkes sûnder dichters-fleagen
krûpe ear as dat hja fleane.Santich jierren’s tsjustere eagen
doare it wurk net mear bestean
it jierdeiferske is ôfmêde,
winsket inkeld noch wer seine.