Piter Boersma, Bartle Laverman

Iepeningstaspraak by de útstalling ‘Bestiet der Fryske ferbylding?’ fan Bartle Laverman

logo.ensafh

Piter Boersma

Ik begjin mei trije sitaten:

Sitaat ien:

‘Wa’t it net sjoen hat, kin him net foarstelle hoe’n protte yntime, heimsinnige en romantyske poëzy de keunstner yn dizze ienfâldige holle lein hat. De pinsielstreken binne hast te sjen, sa as op in protte fan syn skilderijen, de kleurskakearingen binne net fel of yntins, mar krekt oarsom tige sêft en tige ynhâlden, it docht hast griis oan, mar it is folslein fan harmony.’

Sitaat twa:

‘En omdat gjinien it seit, sil ik it mar sizze: dit skilderij is perfekt fan tekening, perfekt fan foarmjouwing. Hat it publyk wol troch hoe dreech it is om mei kleuren foarm te jaan?… Lês fierder

Tessa Blaauw, Tryntsje van der Steege, Forina van der Zee

Sjueryrapport Rink van der Velde-priis 2014

logo.ensafh

De Rink van der Veldepriis is yn 2003 ynsteld troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Smellingerlân, yn oparbeidzjen mei útjouwerij Friese Pers Boekerij te Ljouwert.

Klik hjir foar it folsleine rapport (pdf)… Lês fierder

Goffe Jensma

Rapport fan de Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2013

logo.ensafh

De opdracht
Mei it oannimmen fan it fersyk om lid te wurden fan de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2013 wie it ús taak wurden om de bêste poëzybondel oan te wizen dy’t yn de jierren 2009 oant en mei 2012 ferskynd wie en om de dichter dêrfan oan de provinsje foar te dragen as Gysbert Japicx-priis-winner.
Dy sin seit mear en hat ek gruttere konsekwinsjes as dat je yn earste opslach tinke soene. De Gysbert Japicx-priis is bedoeld foar de bêste Fryske poëzybondel en dus net foar de bêste Fryske dichter. It is belangryk om dat te witten, want dêrtroch komme ek bondels yn de beneaming fan dichters dy’t net mear ûnder ús binne, omdat se krekt yn de ôfrûne perioade ferstoarn binne mar noch al publisearre ha.… Lês fierder

Josse de Haan

Tankwurd Josse de Haan foar Gysbert 2007

logo.ensafh

Utsprutsen yn de Broeretsjerke fan Boalsert by ûnfangst fan de Gysbert Japicxpriis 2007

Boalsert/Hendaye, 25 oktober 2007

Maite Maitea, Achte Deputearre, Achte Boargemaster, bêste Famylje, freonen en goekunde- ik bin bliid dat jim der binne.

As it oer de Fryske letteren giet moatte jo net alles wat der sein en skreaun wurdt leauwe- fiksje en netfiksje rinne gauris troch inoar. Doe’t Deputearre Frou Jannewietske de Vries my op 11 septimber skille wie myn earste reaksje dan ek: ‘ja in moai ferhaal, mar ik ken jo net, elk kin wol skilje; is it echt wier?'( ik wie yn ’69 ek ris skille dat wy as Operaesje Fers de priis krigen hiene, mar doe hâlden letter DS dat tsjin ).… Lês fierder

Jannewietske de Vries

Gysbert Japicx rede Deputearre de Vries

logo.ensafh

Taspraak fan Jannewietske de Vries, deputearre fan Fryslân, by gelegenheid fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis fan de Pro-vinsje Fryslân op 25 oktober 2007 yn de Broeretsjerke yn Boalsert.

Achte oanwêzigen,

De Broeretsjerke foarmet eins de ferbylding fan âld en nij, fan it ferline en fan it heden. Der is respekt foar de oerbliuwsels fan de eardere tsjerke. Dy stiet der en mei wêze sa’t der is.
Tagelyk fiel ik hjir de ferbyldzjende krêft fan nije arsjitektuer en kreative spanning.

Ald en nij:
As nije deputearre fan Fryslân fiel ik ek krekt sa’n soarte fan spanning:
Is Jannewietske de Vries deputearre fan de Fryske kultuer of deputearre fan kultuer yn Fryslân?… Lês fierder

Ernst Bruinsma, foarsitter

Sjueryrapport Gysbert Japicx 2007

logo.ensafh

Rapport fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2007

‘De mins wurdt mins troch taal, bestiet dêr yn en troch, en meidat literêre wurken yn haadsaak oer minsken geane is de wize fan skriuwen en it eventuele ‘oare’ gebrûk fan de taal essinsjeel. Sûnder eksperiminten mei de taal (en dus de foarm) ûntstiet gjin nij en orizjineel keunstwurk’.

Sa hat Josse de Haan syn skriuwerskip sels omskreaun. Wannear’t men syn oeuvre − mear as 25 boeken − en syn literêre aktiviteiten fan de lêste fjirtich jier oereidet, dan is dy opfetting oeral yn it wurk fan Josse de Haan werom te finen.… Lês fierder