https://youtu.be/Mxlcbbh4YAg… Lês fierder
Proazabesprekken
Mei de trekker yn ’e bres foar it Frysk
Hein Jaap Hilarides is bekend as dichter en muzikant. Dichtsje docht er yn it Biltsk, Frysk en Nederlânsk. Syn proaza skriuwt er almeast yn it Frysk. Sa ek syn nijste roman De trekker fan Troje. Mei it Frysk hat er in breder berik as it Biltsk, sa’t er sels oanjûn hat. En de tematyk fan De trekker lient him dêr ek folle better foar. In oare reden dy’t meispile wie dat it foar de subsydzje yn it Frysk moast.
Yn De trekker fan Troje folgje wy Friso, dy’t opgroeid is op in pleats dêr’t syn broer Hero no mei harren heit op buorket.… Lês fierder
As Napoleon op Elba
De beide haadpersonaazjes yn it nijste boek fan Aggie van der Meer binne frijwat singelier. Ho Wu en Misty Mac binne súksesfolle sakeminsken, dy’t ynternasjonaal kontakten hawwe. Men komt net in soad oer de manlju te witten, sa jout Van der Meer bygelyks gjin beskriuwing fan harren uterlik. Der wurdt mar beheind kontekst jûn, bygelyks oer de skiednis fan har ûndernimming of oer relaasjes mei oare personaazjes.
Lykas faker yn har wurk kreëarret Van der Meer in mysterieuze sfear, dêr’t net alles fuort op syn plak falt. Yn Ho Wu en Misty Mac is dat lykwols mear it gefal as yn eardere boeken, wat syn funksje hat, sa’t fierderop dúdlik wurdt.… Lês fierder
Pykje Fjouwer, printeboek oer skriezepyk troch Lida Dykstra
Pykje Fjouwer, it printeboek mei in moai ferhaal oer de skries fan Lida Dykstra en yllustratrise Ina Hallemans wie my ferline jier spitigernôch ûntgien. Mar wy sitte noch altiten yn de goede tiid fan it jier, dus alle reden om dit boek no oan te tugen en mei de bern te lêzen.
It ferhaal giet oer it lêste aai fan in skriezenêst dat útkomt, de earste trije piken binne al op de wrâld. Op boartlike en fernimstige wize bringt Lida Dyktra in pear triedden byinoar yn dit ferhaal. Pykje Fjouwer is de lêste yn ’e rige en stiet der eins allinnich foar.… Lês fierder
Allegearre snie
Wat moat in minske no eins mei snie? It sjocht der moai út fansels, mar ast der trochrinst krijst wiete fuotten en it rint ek net goed troch, it sjit net op. In „speurdersroman” dy’t fan Allegearre snie hjit kin wat dat oanbelanget in swiere dobber wêze: allegearre moaie dingen om nei te sjen, mar gjin kâns om der troch te kommen, net foarút en net de djipte yn – sa ûngefear wie myn ferwachting doe’t ik oan Meindert Bylsma syn boek begûn.
It foel net ôf, it earste part fan myn ferwachting kaam út: der stean in protte moaie dingen yn it boek, moaie sinnen, de taal wie lykas snie: oeral kamen de wurden wei, de sprektaal hat Bylsma ynspirearre mar min Frysk wurdt it nea.… Lês fierder
In earlik jongereinferhaal
Besprek fan De deikoersen fan Remco troch Bart Kingma
De deikoersen fan Remco is in young adultboek fan Bart Kingma oer Remco, dy’t prof wurde wol yn de hurdfytserij. Oan dy dream komt in ein as Remco yn july 2015 tsjin in beam oanknalt. De senuwen yn syn rêch binne fernield, hy leit yn it sikehûs en letter thús op in bêd foar it rút yn de foarkeamer. Besite krijt er hast net, de dochs al net sa geweldige relaasje tusken syn heit en mem wurdt hurd minder. Yn deiboekfoarm docht er syn relaas, oer syn hope dat er noch prof wurde kin en de tsjinslaggen dy’t er dêrby ynkassearje moat.… Lês fierder
‘In fet fol tsjinstellings is it…’
Besprek Pier: De profesij fan bline Simen troch Willem Schoorstra
In nije histoaryske roman fan de skriuwer Willem Schoorstra. Dan mei men der fanútgean dat it kwaliteit en djipgong hat. Oangeande fersoarge styl, ferhaalstruktuer, mar ek in deeglike histoaryske ûnderbouwing. Dat wie mei Rêdbâd: Kronyk fan in kening (2011) sa en mei Pier: De profesij fan bline Simen is it net oars. Yn it besprek oer Rêdbâd haw ik dat Schoorstra syn magnum opus neamd. It boek oer Pier Gerlofs, bekender mei de bynamme Grutte Pier, komt dêr ek maklik foar yn oanmerking. It is minder epysk – dêr’t ik sa’n wurd om sis – as dat oer Rêdbâd, mar de figuer fan Pier lient him ta mear psychologyske útdjipping.… Lês fierder