Geart Tigchelaar

Fol túch de mist yn fan Hidde Boersma: ‘Wêrom net?’

logo.ensafh

Hidde Boersma komt nei syn poëzijdebút De rop om Doede, dêr’t benammen it lyknammige gedicht in soad bekendheid fan krigen hat, no mei in ferhalebondel. It Doedeisme dêr’t De rop om Doede yn persoanifisearre wurdt, krijt alhiel syn gerak yn Fol túch de mist yn.
It Doedeisme is sa’t de achterkant fan it boek fermeldt: ‘de filosofy fan libje folút: nim dyn gemak.’ It kredo ‘wêrom net?’ is de ik-persoan op de lippen bestoarn. Mei sa’n libbensynstelling kinne je mei fol túch de mist yn, sa’t de titel al oanjout. Mei oare wurden, je sjogge wol wêr’t it skip strânet, en fan dêrút sjogge je wol wer fierder.… Lês fierder

A. IJ. van den Berg

Gol rûnstruide ferhalen, ta portret fan in oar

logo.ensafh

greetandringa

Libben reach, de debútroman fan Greet Andringa, set stevich út ein. It boek iepenet yn it sikehûs, dêr’t Geeske oan it bêd sit fan Tjitske, har twajierrige dochter. Dy leit yn koma. Fuortendaliks is it de fraach oft dit kaam, omdat se fan de trep fallen is of dat mem har derôf treaun hat.

Geeske hat dan krekt in soan krigen. It kin wêze dat se dêrom mei in postnatale depresje sit en net folslein ferantwurdlik is foar har eigen dieden. Of miskien sit it oars en hat alles yn in fleach fan lilkens plakfûn, om’t Geeske no ienkear sa yn elkoar sit.… Lês fierder

A. IJ. van den Berg

In debutante yn it byntliif

logo.ensafh

It wie in goed idee fan Tineke de Jager – van der Zee om in boek te skriuwen oer de Dokkumer froedfrou Catharine G. Schrader [1656 – 1746]. In fraach is foar my al oft de romanfoarm dêr ta wol de bêste mooglikheden biede koe.

Catharine G. Schrader har namme libbet ek hjoeddedei noch altiten fierder, troch in nei har neamde stichting. Dy hat ta doel om de kennis oer de kreamkunde te befoarderjen. Har rom tanket se oan har praktykdeiboek, dat bewarre bleaun waard, en in hiel rike boarne is fan details oer berten yn ‘e achttjinde ieu. Miskien wol de iennichste boarne.… Lês fierder

Jelma Knol

Yasperina yrriteart

logo.ensafh

Bollman & Bollman, Marga Claus har fjirde roman, giet oer in travestyt, Yasper, dy’t wurket oan syn coming out.  De fraach is oft dat troch syn omjouwing akseptearre wurdt.
Dêrmei snijt Marga Claus op ’e nij in maatskiplik relevant tema oan yn har wurk, lykas se earder die yn Oxzana, ferhaal fan in flechtling (2000) en De heit fan Serafyn (2003). Dat falt yn dizze skriuwster dy’t tige lêsbere romans mei in heldere struktuer skriuwt, te priizgjen. Itselde jildt foar de yngeande dokumintaasje fan har ûnderwerpen. Wat dat lêste oanbelanget past Bollman & Bollman skoan yn de rige romans dy’t se earder skreaun hat.… Lês fierder

Imke Hooijenga

It sil simmer wêze

logo.ensafh

Maart doart it net lûdop te tinken, mar se wit net hokker dei it hjoed is. Se sjocht dat it moai waar is. It sil simmer wêze. (s. 9)

It sykteproses en de dea fan in heit as mem is net in ûnbekend tema yn de literatuer. Ek Margryt Poortstra weaget har der oan. Har roman Minskebern hannelet oer de demintearjende Maart en lit it ferrin fan it sykteproses sjen út wikseljend perspektyf: dat fan Maart sels en dat fan har man en dochters.
De titel Minskebern slacht op Maart en har oerbeppesizzer Daan. Op de achterflap fan it boek stiet te lêzen: ‘Twa minskebern spylje yn dit ferhaal in rol.… Lês fierder

Froukje Sijtsma

HFTCH krt frhln fan Ate Grypstra: in oansprekkend jongereinboek

logo.ensafh

HFTCH is de debútbondel fan Ate Grypstra, wêryn’t fyftjin koarte ferhalen opnommen binne. Grypstra publisearre earder proaza en poëzy yn De Moanne, Hjir, Farsk en op syn eigen weblog. As dosint Ingelsk is hy oan it Lauwerscollege yn Bûtenpost ferbûn. Bytiden sit er sels ek noch wolris yn de skoalbanken as dieltiidstudint Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins.

It omslach fan dit jongereinboek lûkt fuort al de oandacht. De digibeten ûnder ús sille it boek earst in kwartslach draaie moatte om in smiley, dy’t in knypeach jout, te ûntdekken. Dizze foarm fan berjochtsjes oerbringe, past goed yn de digitale wrâld fan Msn Messenger en sms, dy’t in soad learlingen yn it deistich libben brûke.… Lês fierder

Rieuwert Krol

De regionale Australyske roman fan no

logo.ensafh

De nijste roman fan Tim Winton Breath is yn Nederlân al in moanne as acht yn oersetting as Adem yn ’e winkel te krijen. Yn Fremantle, it plak dêr’t Winton wennet en wurket, leinen grutte steapels mei syn hantekening foar 35 dollar (17 euro) yn ’e boekhannel. Winton is in wiere local hero. Hy hat in hiele rige boeken skreaun en begûn al frij fluch mei skriuwen fan romans en ferhalen dy’t goed ferkoften. Dat wie ek nedich want hy moast der fan libje.

Yn West-Australië is it plak dat regionale literatuer ynnimt yn it kulturele libben grutter as yn Fryslân.… Lês fierder