Piter Boersma

Bennie Huisman yn ’e ban fan Eeltsje Halbertsma

logo.ensafh

Bennie Huisman hat in boek skreaun oer de njoggentjinde ieuske dichter-skriuwer en húsdokter Eeltsje Halbertsma, de dichter fan ûnder oaren it Frysk folksliet en guon fan de alderbekendste lietsjes út it Frysk Lieteboek, sa as ‘de Boalserter merke’, ‘Widzesankje’ , ‘Grouster weagen ‘, ‘It marke’ en ‘Skipperssankje. Hy wie ien fan ’e bruorren Halbertsma, de auteurs fan it ferneamde Rimen en Teltsjes. De Rimen en Teltsjes is in klassiker. De basis foar dat boek waard lein yn 1822 doe’t it lytse boekje De Lapekoer fan Gabe Skroar (goed 30 siden) ferskynde. It soe it begjin wurde fan de opkomst fan de Fryske literatuer.… Lês fierder

Rieuwert Krol

Wat no: wer in konformistyske Riemersma?!

logo.ensafh

Riemersma is de ferneamdste skriuwer fan Fryslân. Hy wûn mei syn magnum opus De Reade Bwarre de Gysbert Japiks priis en begûn syn karriêre as skriuwer mei Fabryk yn ’ ’e jierren sechtich. Syn hiele oeuvre lang boartet er mei de ferwachtings fan de lêzer. Noch altiten skriuwt er gjin ‘gewoane’ romans, al wolle sommigen hawwe fan wol. En al liket er mei dizze novelle tichter by ‘gewoane’ romans yn ‘e buert te kommen as ea. Op it earste gesicht liket de lêste novelle fan Riemersma in gewoan ferhaal: der wurdt net mei fertelstim, fokalisator of mei oare eleminten út it ferhaal boarte, sa as de lêzer fan Riemersma wend is.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Kening Kees en prepostmoderne sjenreopfettings

logo.ensafh


‘Mar hallo, sei er tsjin himsels, hy wie mei in metafysysk eksperimint dwaande, efkes de kop derby graach.’ (57)

It bart fansels net alle dagen dat in wichtich literêr wurk oan my opdroegen wurdt. Namste nofliker wie it my doe’t ik blêdzjend yn in treflik foarmjûn boek troffen waard troch de opdracht: ‘Dizze útjefte is ta stân kommen mei stipe fan de provinsje Fryslân’. Eh? Och nee, ik fersinde my efkes. Ik bedoel fansels de oare opdracht: ‘Foar Eric Hoekstra, dy’t my op it idee brocht.’

Ja, doe skimere my ek wol wer de e-mail mei it fersyk fan de literator C.… Lês fierder

Ydwine van der Veen

Joppe yn ierappellân

logo.ensafh

Joppe is de debútroman fan Hein Jaap Hilarides en ferskynd yn de rige Fryske Modernen. Lykas yn de roman Prospero fan Nyk de Vries, dy’t yn deselde rige útkaam, giet it oer it wjerfarren fan in jongeman dy’t in nije faze yn syn libben trochmakket.

De namme ‘Joppe’ wurdt yn ’e bibel brûkt as oersetting fan de namme Jaffa, in stêd yn Israël. It wurd ‘joppe’ wie yn de santiger jierren in neologisme yn de taal fan de jongerein. It betsjutte soks as te gek, cool, vet. Ik kin it wurd yn dy betsjutting lykwols net weromfine yn it wurdboek of op ynternet.… Lês fierder

Rieuwert Krol

De dichter en in ferhaal

logo.ensafh

Albertina Soepboer is in ynteressante dichteres. Se doart wat, eskperimintearret, is wis mar sykjende en hat in styl en in behearsking fan ’e technyk dy’tst net sa faak tsjinkomst. Remco Ekkers ferlike Soepboer yn ’e Poëziekrant mei Yeats en Roland-Holst mar neamde har frijmoediger as har ferneamde foargongers. It is apart en eins tryst, mar Ekkers is ien fan ’e pear skôgers dy’t wier nijsgjirrige dingen oer Soepboer har poëzy sein hat.
It oeuvre fan Soepboer is (wilens) tige omfangryk en follesidich. Neist acht dichtbondels skreau se proaza, toaniel en sette se in berneboek oer út it Baskysk; behalve Nederlânske oersettingen fan har Fryske gedichten hat se ek twa oarspronklik Nederlânsktalige bondels útjûn.… Lês fierder

Rieuwert Krol

De wrâld fan de stedsdichter

logo.ensafh

De kollum as literêre foarm ûnderstelt datst oeral in miening oer hast. Hast gjin miening dan skriuwst dat op en leitst op dy manier ferantwurding ôf foar dyn tekoart oan fyzje. It is benammen yn Nederlân opmereklik datst sa te sjen oeral in miening oer ha moast. In mi neing dy’t oer it generaal net mear foarstelt as in soadsje foaroardielen en plotyk korrekte korreksjes op foaroardielen. Hast fansels útsûnderings. Dy ûnderstelle dat immen yn it foarste plak wat mear wit fan syn ûnderwerp as de trochstringse mieningjouwer en twad dat immen in kreative tinker is. Dy kombinaasje is seldsum.

As dichter is Arjan Hut al in bekend fenomeen.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Jep Jup

logo.ensafh

Genesis Abbekatekantoar, de nije roman fan Sjieuwe Borger, is it ferhaal fan de jup Sybren Brouwer. It ferhaal is ek in byld fan in minsketype dat op it heden in protte omtinken kriget yn boeken en films en dat karakterisearre wurdt troch syn wurkneuroaze, syn latinte drank- en drugsferslaving en útinoar spattende relaasje. Fansels binne dat ek universele minsklike problemen.
Mar yn âldere ‘gewoane’ romans en ferhalen (nim it measte wurk út de KFFB) waarden minsken beskreaun dy’t har maklik skikten nei de kristlike moraal, de seksuele moraal en it mienskipslibben. Sokke minsken besteane noch altiten, mar se wurde hieltyd minder as ideaal en hieltyd minder as realiteit opfierd in romans.… Lês fierder