Mei M/F hat Jaap Krol op ’en nij in apart en eigensinnich boek skreaun. Yn syn debút Wettersek (2001) skreau er nêst mear tradisjonele ferhalen in romanachtige tekst dêr’t it ferhaal fan achteren nei foaren yn ferteld wurdt. Dêrnei kaam er yn de bondel Nûmers (2004), mei ferhalen dy’t spylje yn hieltyd in oar hûs yn ien en deselde strjitte.
Binnen it ynhâldlike en ferteltechnyske ramt fan Jaap Krol syn skriuwkeunst is syn styl in opfallend kenmerk: in protte koarte sinnen; gjin lange beskriuwings; to the point; byldzjende details; boartlikheid; nochal wat poëtysk oandwaande sinnen en passaazjes.
Yn M/F hat de lêzer te krijen mei Henk Faber en syn frou Mofro.… Lês fierder