Willem Winters

oer myn fûgels en in pear oare bisten

logo.ensafh

fan wat fljocht dêr oant it fûgelhûs

Ik krige de diereleafde- mei syn dûbelsinnichheden – fan hûs út mei. Berne yn 1946, spilet it begjin fan dit ferhaal him ôf yn de jierren ein 50, begjin 60. Wy wennen yn it dûbele arbeidershûs op de Pôle fan Siebenga oan ‘e ein fan de Badwei nûmer 52 op It Hearrenfean. It boekje mei de titel Wat vliegt daar? [1957] wie de bibel fan myn jonge jierren. Ik haw it noch altiten en brûk it ek. De yndieling is helder en it jout genoch bysûnderheden, sa as it lûd fan de fûgels, om se fluch te determinearjen.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

20 ier de pisang

logo.ensafh

om de skeinde fankes ferhingj’ dy rock’n jagger
jawisse oan de heechste beam fan de sinne
boppe sranaan; de leffert mei om de leave
dinkjes de dea yn en om in soad oare

fan efter f’rneukte prachtwiven foar ivich
nei de jachtfjilden tsjen en as in sloppe
lulhannes ende dwul oan de koade bingelj’…
ommers, fertsjinn’ is fertsjinn’…

dat er, om dy leidige famkes net fret!
net lang’r as in pear dagen cq. nachten
fan de trôg’n fan pa-ra-ma-ri-bo-city
en nea wer yn syn roy rolls oer de

ferneamde brêge fan de su-ri-na-me-ri-fier glydt;
wat in spulbrekker is dy waardeloaze kwast!… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Ferslach bekendmakking Nije Dichter fan Fryslân Nyk de Vries

logo.ensafh

 

Foar fjouwer oere lei it Aldehoustertsjerkhôf der noch kalm en bedaard by.

Foto’s en teksten Geart Tigchelaar

 

 

De op dat stuit noch net beneamde nije Dichter fan Fryslân wakker oan it tarieden.

Deputearre Sietske Poepjes betanke Eeltsje foar twa produktive jierren en joech him it earste eksimplaar fan de Dichter fan Fryslân-bylage dy’t hjoed ek yn de LC en it FD ferskynd is.

Eeltsje Hettinga lies twa fersen foar en hold in koarte ôfskiedsrede.

Sjueryfoarsitter Job Degenaar lies in soarte fan sjueryrapport foar.

Nyk de Vries wie wakker ynnommen mei de beneaming en sei dat er it dichterskip oan syn frou opdraacht.

Lês fierder
Duo von Däniken

Rekonstruksje Deensk/Frysk offerritueel

logo.ensafh

Klik hjir foar de muzyk.

Yn it ramt dan de útstalling Wij Vikingen yn it Frysk Museum te Ljouwert hawwe dr. Ase Kundgard fan de universiteit fan Aarhus en dr. Rabyang Drupa fan de universiteit fan Lhasa, Tibet, in muzikale rekonstruksje makke fan in Deensk/Frysk offerritueel út de sechde of sânde iuw. It projekt stie ûnder superfyzje fan drs. Taco Brandsma fan de RUG te Grins.

De rekonstruksje is makke nei oanlieding fan de ferbjusterjende argeologyske fynsten dy’t yn 2015 by it Deenske Omkjeld dien binne. De resultaten fan dy fynsten binne earst ferline wike bekendmakke. It docht bliken dat de Denen en Friezen folle mear kontakten hân hawwe mei benammen it Tibetaanske folk as dat bekend wie.… Lês fierder