Harkje nei in unike opname fan Dea hynder, in band dy’t nei alle gedachten mar in pear wiken bestien hat. Renee Koster fan de Omrop hat in opname op tape út it jier 1969 weromfûn, en de techneuten fan de Omrop hawwe it titelleaze nûmer hielendal oplape. Yn oerlis mei de dochter fan de spitigernôch betiid oan de drugs ferstoarne gitarist Jan Rypkema hawwe wy it nûmer Stinne ’69 neamd. Klik hjirre foar de muzyk… Lês fierder
Multimedia
Klaas en de Skippers: Skûtsjesilen is myn nocht
Harkje nei in nije ferzje fan dit ferneamde liet, songen troch Klaas Jansma, mei begelieding fan de Skippers. Klik op Klaas.
Fideobesprek ‘Zolt en stof’
Geart Tigchelaar besprekt de bondel ‘Zolt en stof’ (Uitgeverij Vliedorp, Houwerzijl 2017) fan Willem Tjebbe Oostenbrink.
https://youtu.be/KdJ6DiudV3Y
It earste ljipaai fan Denemarken
Dichters Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar holden fan 11 oant 17 maart 2019 yn Aarhus ta. Doe’t hja in besite brochten oan it Moesgaard Museum fûn Elmar Kuiper op it skeane tek it alderearste ljipaai fan Denemarken.
https://youtu.be/v8sBhFjwU94
It Ferkiezingsliet (stim op my)
https://youtu.be/EUAMvU2Na_U
20 Maart 2019 binne de Provinsjale Ferkiezings. Duo von Däniken skreau in spesjaal Ferkiezingsliet. Mei in opmerklik stimadvys…… Lês fierder
Janke
Hâld de bûsdoek mar yn ‘e oanslach: in triennelûker fan formaat! Klik op ‘e tekst foar de muzyk.
Poul Lynggaard Damgaard
https://youtu.be/E8N2CPQMAUU
It fyfde filmke út in rige koarte filmkes dêr’t Deenske dichters yn oan it wurd komme oer wat it foar harren betsjut om dichter te wêzen.
Dichter: Poul Lynggaard Damgaard
Kamera, bewurking en ûndertiteling: Geart Tigchelaar… Lês fierder