Han Dong, Maghiel van Crevel, Tryntsje van der Veer

Dus do hast de see sjoen

logo.ensafh

dus do hast de see sjoen
do hast har dy foarsteld
de see
do hast dy de see earst foarsteld
en har doe sjoen
sa is dat
dus do hast de see wrachtich sjoen
en hast har dy ek nochris foarsteld
mar do bist gjin
seeman
sa is dat
dus do hast dy de see foarsteld
do hast de see sjoen
miskien fynsto de see sels wol moai
sa is dat – as it tafalt
dus do hast de see sjoen
en do hast dy de see foarsteld
do wolst net
ferdrinke yn it wetter fan ‘e see
sa is dat
sa is eltsenien

Sineeske poëzij

Han Dong, 2006
Folksrepublyk Sina

Oersetting yn it Nederlânsk troch Maghiel van Crevel, heechleraar Sineeske taal en literatuer Leiden.Lês fierder

Sytse Jansma

it jonge hea / het jonge hooi

logo.ensafh

Snein 23 augustus waard de nije bondel fan Sytse Jansma presintearre op de Willem Barentszwerf fan Harns. It is in twatalige bondel mei as titel: ‘as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht’ en in útjefte fan útjouwerij Afûk. Yn dizze bondel ferkent Jansma de grins tusken it libben sels en de poëzy. It stjoerende karakter fan taal wurdt bleatlein. It filmke ‘it jonge hea / het jonge hooi’ komt út dizze bondel.

https://vimeo.com/137077043… Lês fierder

Duo von Däniken

Grunte Pier mei ‘Grutte Pier’

logo.ensafh

Meikoarten ferskynt PIER – De profesij fan bline Simen, fan Willem Schoorstra. De Frysktalige metalband Grunte Pier út Hallum hat him ek troch dizze ferneamde Fries ynspirearje litten!


Klik op Grutte Pier foar Grunte Pier, mei ‘Grutte Pier’

image_phpmrjM5O

 

Grunte Pier bestiet út:

Selection_097

Keimpe Rusticus, sang en gitaar

Selection_096

Jan Weidenaar, basgitaar

Selection_095

Berend Hilarides, drums

Lês fierder