Durk van der Ploeg, Piter Boersma

Nacht

logo.ensafh

De donk’re nacht ferdampt yn wolken.
Ik wuolje my yn ’t lekken fêst.
Ik lis, ik dream, ik skok, ik rêst.
De ribben op in bêd fan dolken.

De ribben op in bêd fan dolken.
Ik lis, ik dream, ik skok, ik rêst.
Ik wuolje my yn ’t lekken fêst.
De donk’re nacht ferdampt yn wolken

Durk van der Ploeg

Harkje nei de foardracht fan Piter Boersma… Lês fierder

Durk van der Ploeg, André Looijenga

Exegese

logo.ensafh

Alle treinen ride nei in front.
Alle keningen wenje yn ballingskip.

De wegen wech ende wear
Iepenskuord fan it ljocht
Lizze fol drimpels en deaden.

En oer de heuvels iepen en leech,
Warleas it wrein en it wouter,
Dûnkere kloft fan tûzen soldaten,
Dutsen ûnder it izeren heil
Fan de hillige helm.

Hja wenje op pleinen fan ferwoasting
Rêste yn roast en rein
En wanne de wrâld mei it wapen.

Alle keningen wenje yn ballingskip.
Alle treinen ride nei in front.

Durk van der Ploeg

Harkje nei de foardracht fan André Looijenga… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Fragmint út ‘Lúshâlding’

logo.ensafh

Geart Tigchelaar lêst foar út syn te ferskinen ferhalebondel mei as titel Lúshâlding.

It fragmint dat er foarlêst is it begjin fan haadstik 2. Yn haadstik 1 hawwe se it avontoer belibbe dat Dwatte fan de hûn ôfrûgele is, dy’t hja harren Wrâld neame. Koate, syn twillingbroer, hat him weromhelje moatten. En no belibje se wer wat, sa liket it.

Klik hjir foar it lûdsfragmint.

De folgjende moarns wurde se allegearre tagelyk wekker. It is in bulderjen fan komsa yn de keamer. De wrâld komt gysten yn beweging en springt by de grutte skepsels op. Wat is dit? Se rôlje fan it iene yn it oare, juster it gedonder mei Dwatte en hjoed dit gesoademiter!… Lês fierder