yn ‘n wrâld fan inkeld wille
moete ik har, glimkjend,
en hja sei, wat leafde west hat
harkje dernei yn ‘e beammen
en ik knikte en wy rûnen noch lange tiid
yn ‘e stille tún
de wrâld wie fan inkeld weagen
en ik sonk yn har as in lyk
nei ûnderen ta it wetter sleat
boppe myn holle en eefkes
fielde ik in fisk by my lânsstriken
yn ‘e stille see
doech sei ik tsjin har doech sil
ik dy nochris sjen, glimkjend
mar de wyn blaasde fuort
har antlit yn ‘t wetter
en ik knikte en waard ûnsichtber
yn ‘t stille libben
Hans Lodeizen – De buigzaamheid van het verdriet
Piet Bult – De buugzemhied van hatzeerte
Ate Grypstra – The suppleness of sadness… Lês fierder