Cao Zhi, Piter Boersma

in mosk yn it fjild

logo.ensafh

 

drôve winen yn ’e beamkrunen
hege weagen tamtearje dunen
wat hat men oan jins freonen bûke
as se it swurd net foar jin lûke
en sjochsto dy mosk dêr yn it sket
sjocht in falk en stoart him yn it net

it sjongt yn de fûgelflapper om
in jonge besjocht it drôf en stom
snijt dan mei syn swurd de mesken troch
de brune mosk sjoch him fleanen sjoch
in gisel dat op nei de sinne
as tank ien om de jonge hinne

oersetting/bewurking: Piter Boersma

 

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L.Lês fierder

Toyo Shibata

Jûnskimer / Sikehûskeamer

logo.ensafh

 

Jûnskimer

de lêste hap
fan it jûnsiten
dat de help klearset hat
en ik doch de skoattel ta

op dat stuit hear ik
hoe’t by de buorlju
de hiele húshâlding
fleurich laket

(oersetting: André Looijenga)

*

Sikehûskeamer

de âldste bin ikke
mei fiifennjoggentich
dan fjouwerennjoggentich
njoggenentachtich
seisentachtich
fjouwer froulju op in keamer

op dagen dat
ús famyljes op besite binne
it hûs fol âlderein
en op ’e gong
filefoarming fan rollators

ik
mei al dy laitsjende stimmen
yn ’e rêch
hingje oan ’e earm fan myn soan
sjoch by it rút wei
nei de kleare himel

(oersetting: André Looijenga)Lês fierder

Li Qi, Piter Boersma

in âld boer sit mei de rêch yn ’e sinne

logo.ensafh

 

de âld boer fan omtrint hûndert moat it lânwurk litte
syn lêste wille is mei de rêch yn ’e sinne sitte
somtiden fangt er in lûs en klaut er him ûnder ’e pet
hy eaget de guozzen nei en falt yn ’e sliep tsjin in sket

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Li Qi libbe fan 690 oant 751.)Lês fierder

C.O. Jellema, Edwin de Groot

Kertier/ Tijdverblijf

logo.ensafh

 

Kertier

Alles dat fan my hâldt
stekt de bonken út, myn hûn,
myn freon, de fûgels dy’t
ik fuorje as it friest.

Dêrom hâld ik
fan deade dingen,
fan porslein, in skilderij,
fan in printe fers.

Oersetting: Edwin de Groot

Tijdverblijf

Alles wat van mij houdt
gaat dood, mijn hond,
mijn vriend, de vogels die
ik voer geef als het vriest.

Daarom houd ik
van dode dingen,
van porselein, een schilderij,
van een gedrukt gedicht.… Lês fierder

Li Yannian, Piter Boersma

in liet

logo.ensafh

 

der wennet in moaie frou yn noardergea
yn dizze wrâld is dy frou sûnder wjergea
se ferdylget in stêd ast ien kear omsjochst
se ferdylget de steat ast it nochris dochst
fansels ferdylget se de steat en de stêd
fynst net wer sa’n moaie frou om mei op bêd

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Li Yannian libbe sa’n 150 jier foar Kristus. Hy wie in sjonger oan it hof fan keizer Wu.)Lês fierder

Anonymus, Piter Boersma

drinkende boeren

logo.ensafh

 

de gast is dronken de boer lyksa en ek de feint is oer syn teewetter
se sjonge in hoart se dûnsje in hoart se laitsje har in skoft te pletter
ek al is men tritich ek al is men fyftich ek al is men tachtich jier
do giest op ’e knibbels hy giet op ’e knibbels en ek ik lis oer de flier
en sûnder muzyk fan drokke fluiten sûnder muzyk fan snaren hiel rap
sûnder trommeslaggen sûnder it stampen fan fuotten sûnder hângeklap
drinke se troch oant einlings de reade sinne weiwurdt ûnder it eachein
de potten oan diggels de skalen ek en lyksa de boarden oan smots slein

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it sinese orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.LLês fierder