… Lês fierderTjalle
Mar Wouter, liichste net?Wouter
Hey hey, lit my betsjen.
It noflikst komt noch oan, kinste sa lang net swije?
Ik stie en seach mar ta, ‘k koe foar it ferstân net krije
wat dit spul betsjut: te’n lêste seach ik twa
sa leaflik yn in hoeke, dat doe tocht ik ja,
ik ken de kaart no wol: dit sil in brulloft wêze,
men sil inoar de mis fan tusken-de-lekkens lêze.
Ik moat dit spul oanskôgje, it duorre net te lang
of ik seach, se jeiden de breid dêr goed op stang.
Hja skuorden har nei it bêd, ik hearde har wol kriten,
hja warde har as in man mei klauwen en mei biten.
Proaza-oersettings
Midfrysk Goud i. | 22. Gysbert Japicx
In ferplicht nûmerke giet Gysbert ek net út de wei, lykas wannear’t er in gedicht foar in aadlik jongfrommes skriuwt. It is ommers op fersyk fan Gabbema skreaun. Dat de jongfaam sa de himel yn priizge wurdt, sil grif mei in jildlik eigenbelang te krijen ha of út freonskip foar Gabbema. De skjintme fan it frommes kin it net wêze, want Gysbert is fiersten te evenredich om dêrtroch út stel te reitsjen (hy is perfoarst gjin Starter of oare frouljusgek). Joast Halbertsma fûn dit Gysberts bêste gedicht, oaren ornearje dat wy it no in produkt fan wansmaak fine soene.… Lês fierder

Midfrysk Goud i | 7. Johan fan Hichtum (1639)
… Lês fierderAnsk en Houk: eksistentiële eangst en eroatyske langst.III: Van Hichtum as de Fryske Brederode. Rigel 134 – 171
Ansk
Mar bern, wat seiste dochs! Hoe koeste dat sa sjen,
Wy plichten yn ús jeugd fan sok spul neat te witten.Houk
Ja mem, dat is de reden, sa bliuw ik mar thús te sitten.
Jo witte fan gjin nocht, ik woe dat jo derby west hien’.Ansk
Ja bern, hie ik it witten, ik hie ek grif wol gien,
Der wie foar my, earm wiif, grif ek in pretsje by.Houk
No mem, ik sis jo dit, ha der de gek net mei,
Hiene jo der nammers west, dan hiene je dûnse en sprongen.

Midfrysk Goud i — Ynlieding
Doel
Dizze rige artikelen hat twa doelen, in popularisearjend en in wittenskiplik. Op it foarste plak kin troch dizze artikelen gruttere bekendheid oan de Midfryske literatuer jûn wurde. De Midfryske literatuer heart ommers amper ta de kulturele bagaazje fan de Fryskskriuwers en Frysklêzers. Dat moat oars, want de Midfryske literatuer fertsjinnet better. By myn stúdzje anneks lêsaventoeren hat bliken dien dat it om nijsgjirrich en kwalitatyf heechsteand wurk giet. Boppedat wurdt ús troch dat wurk in blik yn in oare tiid jûn, mei oare noarmen en wearden, en dat makket it dûbel de muoite wurdich. Troch wervjend oer it Midfrysk te skriuwen wol ik de lêzers helpe om fan Midfryske literatuer te genietsjen, en der in better begryp fan te krijen.… Lês fierder