
Yntroduksje by de oersetting fan it ferhaal Namen in Ostfriesland fan Imke Müller-Hellmann
In healjier lyn moast ik in website oersette fan in feriening Gedenkstätte KZ-Engerhafe. Yn it lytse East-Fryske doarpke Engerhafe hat yn it lêste oarlochsjier in konsintraasjekamp west, en de feriening wol de oantinkens dêroan yn libben hâlde. (Sjoch: http://www.gedenkstaette-kz-engerhafe.de)
Oersettendewei ûntduts ik dat in âldomke fan my, fan wa’t wy altyd tochten dat er yn kamp Neuengamme omkommen is, dêr op de deadelist stiet. Doe’t we dat ûntdutsen, waard ik útnoege foar de jierlikse betinking yn Engerhafe. Ik wie der mei ús heit hinne. It bliek dat de namme fan dy omke dêr al jierren op in monumint stiet, mei dy fan 180 oaren út hiel Europa wei, dy’t dêr stoarn binne.… Lês fierder