1
Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)
O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?
Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt. Alsa begjint ek Midfrysk Goud wer te rypjen en frucht te setten, ear’t de fruchtberheidsprins anneks gelearde wer offere wurde sil oan de dea, en yn ‘e winter ta de ûnderwrâld ôfsakje sil, om pas yn ‘e maitiid wer nij libben ynblaasd te krijen fan ús leave Frouwe Natuer.… Lês fierder