
… Lês fierderIt selsbelang
Galien, dy hie in iennichst bern,
dat wie syn honke, begearte en libjen,
syn eask, hoe koe er dy tsjinstribje?
Nee, wat dy woe, dat die er jern’.Hy paaide en flaaide yn memme skerte,
hy sobbe en sabbe memme hân,
soe heit op dat heechweardich pân
syn hertwinsk dan in snútbân sette?Syn wurden wiene huningswiet,
dêr struts er heit mei om ’e mûle
en sei fan “heity is myn skûle,
ik stoar foar je ear deads-tosk je biet.”De man stie yn dy fleach en stime,
en woe Jan graach yn it hert besjen.