Willem Schoorstra

BoekeBol kollum fan Willem Schoorstra

logo.ensafh

Net stinne mar beminne

Lit ik út ein sette mei te sizzen dat Reve, hij rustte in vrede, in geweldich skriuwer wie; foar it neist, mei Arnon Grunberg, de grutste fan de Lege Lannen. Dat der omtinken is èn wêze moat foar de man en syn wurk kin ik allinne mar ûnderstreekje. Lykwols fyn ik it spitich dat soks krekt by sa’n gelegenheid bart. De knypeach nei eardere boekeballen is der, en it hie te priizgjen west as ek sa’n dei folslein yn it teken fan Frysktalige literatuer stien hie. Want dat sok omtinken skraal is mei yn it algemien bekend wêze: dêr wurdt op it heden in ferdomd lyts bytsje oandacht oan bestege.… Lês fierder

Edwin de Groot

Ferlerne teksten

logo.ensafh

Komt it wer sa fier dat in flecht him meldet, ferlet
fan kom op ‘t aljemint, elokwint
de faktuer fan fertize foldwaan wolle.

Dan sjong ik it leafst de trijelûden fan myn âlden. Klinke
ferlitten tûndra’s by Furdgum, kjelblauwe marren
fol fersêde Dútske flachjes of –stek dyn holle der mar ris yn-
stille grûnen dy ‘t it streamjend sulver fan Gorter nei de âlde see drage.

It is bon ton en sis dat manlju net multitaske kinne,
mar yn myn flechtsjen sykje ik -sjoch, twa tiidwurden-
in lyts fertrek dêr ’t romte te wrâld komme kin.
Wol wyn- en wetterticht graach.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Boeke-BOLsert boekebal – in ympresje troch Hedwig Terpstra (update)

logo.ensafh

By de organisaasje fan it boekefeest Boeke-BOLsert, dat holden waard op sneon 6 maart lêstlyn hat Stifting Cepher, besteande út Elske Schotanus en Eeltsje Hettinga, gearwurke mei de gemeente Boalsert, dy’t dit jier 555 jier stedsrjochten hat. It reguliere boekebal fan It Fryske Boek wurdt dit jier net holden, fanwege in reorganisaasje by dy stifting. Twa jier ferlyn organisearre Eeltsje Hettinga tegearre mei Marijke Roskam mei súkses in tsjinfeest yn de Scamele Ruter yn Ljouwert, tagelyk mei it Frysk Boekefeest, foar skriuwers en dichters dy’t gjin nocht hienen oan it tradisjonele feest.

Der is by dit Boeke-BOLsert 2010, dat stipe is troch it Skriuwersboun, mei opset keazen foar in twatalich feest en in programma mei ferskate sjenres en dissiplines.… Lês fierder

Trailers Moof En Dixi

logo.ensafh

MOOF

Ensemblespiler en regisseur Eelco Venema makket mei de spilers fan Jong Tryater, it ‘belofteteam’ fan it selsskip, in dynamyske foarstelling oer de ûndergong fan in idoal,frij nei Oedipus fan Sophokles. Haadpersoan MOOF is in jongkeardel yn ‘e krêft fan syn libben. Hy hat it makke, is hot en hat it mei syn heldendieden sels ta kening skopt. Mar as syn stêd pleage wurdt troch hingjongeren, Meksikaanske gryp en Q-koartsgeiten, rekkent it folk mear as op oait op syn held. Kin hy de flok opheffe en syn eigen needlot keare? En doart er de wierheid ûnder eagen te sjen? Jong Tryater bestiet út Romke Gabe Draaijer (Iepenloftspul Jorwert), Karel Hermans, Froukje de Jong, Marijn Korver, Ytsje van der Meulen, Brecht Wassenaar (11Stêdetocht) en Theo Smedes (11Stêdetocht, PeerGroup).… Lês fierder

Trailer Diplodokus Deks – Tryater

logo.ensafh

De jonge Flaamske regisseur Sarah Moeremans (1979) (Productiehuis Rotterdam, MTV Extreem, Blind Date – foarhinne Serie Nieuwe Theatermakers) hat har fêstbiten yn Diplodocus Deks, in teatertekst fan har lângenoat Tom Lanoye, ien fan de meast populaire Flaamske skriuwers fan it momint. It stik, oer de fynst fan in prehistoaryske kaakbonke en wat dat betsjut foar in doarpsmienskip (lês: de ien rûkt jild, de oar wol har lân net ferkeapje), is komysk en werkenber. It wurdt fan achter nei foaren spile, as wie it in archeologyske rekonstruksje. Sarah wurket foar dizze produksje mei akteurs út it ensemble fan Tryater (Marijke Geertsma en Aly Bruinsma) en mei gastspilers (Alyt Damstra, Hilbert Dijkstra, Thijs Feenstra, Hans Kroodsma, Mirjam Stolwijk (NNT, NT, searje Wilhelmina), Joop Wittermans en Koen Wouterse (NNT, searje Waltz).… Lês fierder

Tryater komt mei festival It Brûst

logo.ensafh

Fan 25 febrewaris oant en mei 25 april 2010 strykt Tryater del op njoggen lokaasjes yn de provinsje mei it festival It Brûst. It is foar ‘t earst dat Tryater séls in festival organisearret. We steane meardere dagen op ien lokaasje mei foarstellingen én in râneprogramma foar alle generaasjes fan in mienskip. Makkum, It Hearrenfean, Boalsert, De Gordyk, Akkrum, Ljouwert, Frjentsjer, Balk en Drachten binne de lokaasjes foar dizze earste edysje fan It Brûst. Makkum hat de premiêre fan it festival en de foarpremiêres fan de foarstellingen. De foarstellingen geane op sneon 6 maart op It Hearrenfean yn premiêre.

Sjoch foar mear ynformaasje op de side fan Tryater

Lês fierder

Melvin van Eldik – loverboy famke

logo.ensafh

Melvin van Eldik presintearret op 25-02-2010 wer in Liwwadder Poëzieavond yn Theater de Bres te Ljouwert.  By it Literêr Sirkwy yn Museum Belvédère op 21-02-2010 makke dizze alsidige artyst grutte yndruk mei it fers ‘loverboy.’ Sjoch foar mear ynformaasje www.melvinvaneldik.nl

loverboy famke

sêft kreakjend lûd
iepenslaand
sliepkeamerfinsterkezyn
al in skoft fertroud

de reinpiip
as in dûnsjende kobra
tsjin in muorre fan in algengrien masker
seit eltse kear wer: “au”

en dan troch de nacht, dêr’t sij eltse poarje al fan kin
ûnderweis nei de rôze dize, dy’t de geilens reaget
út de eagen fan de doarmjende rútridders
de protte nammen fan de leafde by del

mem hat hiele grutte earen
mar heart hielendal neat
heit bestiet allinnich op fergiele foto’s
yn stjonkende, brune doazen fan ribbelich striekarton

sij witte net fan har folgroeide liif
dat te keap is yn tsjustere stegen en gloppen
dêr’t glûpende ronselers ronselje yn glimmende boesgroentsjes
de drippende shoarmasauzen om it pûstige kin

Barbie al in tiid ûntgroeid
sil sij it ea better witte?… Lês fierder