Wa wint de GJ-Priis 2009? (1)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis 2009.

Jouke Hylkema – Beabuorster monologen

beabuorster-monologen

Yn myn eksimplaar stiet foaryn ek in skreaune tekst fan de dichter sels:

(…)
Sjoch hjir in lytse idylle
Oer it jonkje dat ik wie
(…)

By útjouwerij Venus is dizze bondel yn 2006 ferskynd en hy docht no mei oan de heechste kontest fan literêr Fryslân: de Gysbert Japiks-Priis 2009 foar poëzy.… Lês fierder

Meindert Talma: Tamango

logo.ensafh

Ensafh presintearret jo de titelhit fan ‘e nijste cd fan Meindert Talma: Tamango. Tamango is sûnt 27 april 2009 yn cd/dvd foarm te krijen. Wa’t nei it beharkjen fan it titelnûmer ‘Tamango’ mear hearre wol, kin hjir de hele cd bestelle.

Nei sân albums mei Nederlânske en Fryske teksten is Tamango it earste Ingelsktalige projekt fan Meindert Talma. Tamango is in yntime, sfearyske fersesyklus oer de Tourist dy’t ôfskie nimt fan syn leafde Jacky Hall, wêrnei’t er klear is om ôfskie te nimmen fan syn eigen libben. Tamango waard mei grut súkses útfierd op it Noorderzonfestival yn Grins.

‘Ook al wordt het quasi-primitieve spel van vaste begeleiders The Negroes hier gemist, dit jasje staat Talma’s muzyk goed.Lês fierder

Greet Andringa

Ferhaal ‘Deus ex’ fan Greet Andringa skeind yn Feestlift no goed op Poadium

logo.ensafh

(Yn Feestlift, it Boekwikegeskink 2009, mei ferhalen fan ‘4 mystery skriuwers’ is mei it fjirde ferhaal ‘Deus ex’ wat misgongen. Fan in tal alinea’s is de kursivearring weifallen en de kat is fan in ‘sy’ in ‘hy’ wurden en dêrtroch is it byneikommen fan it ferhaal in ein lestiger wurden. De skriuwster fan it ferhaal, Greet Andringa, hat dêrom it fersyk dien om it ferhaal op Poadium te setten. Elkenien dy’t it boekewikegeskink lêzen hat is no yn ’e gelegenheid om nochris de krekte ferzje yn te sjen.)

Deus ex

‘Soademiterje op!’ sis ik tsjin de safolste -peut of -looch dy’t deryn komt sûnder dat ik derom frege ha.… Lês fierder

Nynke Laverman: De ûntdekker

logo.ensafh

Op 14 maart 2009 is it tredde album fan Nynke Laverman NOMADE presintearre yn in útferkocht Muziekgebouw aan het IJ op de première fan har nije konserttour.

Se hat alle lyrics sels skreaun en har songs binne ynspirearre troch har ferbliuw by in nomadehúshâlding op de steppen fan Mongolië. De tour troch Nederlân duorret noch oant 19 april ta, sa lêze wy op www.nynkelaverman.nl.

De redaksje fan Ensafh krige it frij om de earste hit hjir op it poadium te setten. Lit dy foar in minút as fiif meislepe troch ‘De ûntdekker’.

Belústerje: Nynke Laverman – De ûntdekker

 

 De Untdekker

 

DE ÛNTDEKKER

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de wrâld
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
en ik wol noch net nei hûs

ik wit net wêr’t ik bin
ik wit net wat der komt
mar myn fuotten stampe fierder
oer de râne fan de krater
ik wol witte wa’t ik bin
yn alle hoeken fan de wrâld
ik wol noch net nei hûs
ik wol it witte

ik bin de ûntdekker
fan it grutte ûnbekende yn my
ik bin de ûntdekker
myn spoaren binne farsk
alle dagen bin ik nij

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de wrâld

ik feroarje mei it lânskip
ik ferraan mei de klimaten
ik gean op yn alle kleuren
sla de bek yn elke taal

ik kolkje mei rivieren
lis it oan mei metropoalen
lit my felje troch de sinne
lit my folje mei de rein

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
en ik wol noch net nei hûs

yn woastinen sier ik sân
drink ik tee mei skorpioenen
swim ik linich as de slangen
ûnder koele rotsen troch
yn it iislân bin ik breid
sliep ik yn in wite suite
op it heechste himelbêd
sjong ik lieten fan kristal

ik bin de ûntdekker
fan it grutte ûnbekende yn my
ik bin de ûntdekker
myn spoaren binne farsk
alle dagen bin ik nij

myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de wrâld
myn swarte fuotten rinne
oer de râne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
rinne rinne rinne rinne

mar fyn my as ik immen fyn
immen dy’t ik net weromken
immen dy’t ik net werken
fyn my as ik immen fyn
fan wa’sto net mear hâlde kinst
fyn my, fyn my dan werom

Tekst: Nynke Laverman
Muziek: Nynke Laverman & Ward Veenstra
Lês fierder

Seedee Smûzje: Tiidmasine

logo.ensafh

Op sneon 4 april 2009 ha Nan ‘n Ankie (Nanne Kalma en Ankie van der Meer) har nije seedee Smûzje presintearre yn De Pleats fan Burgum op it jubileumfeest fan It Fryske Boek. De arransjeminten binne makke op de teksten fan de rymposters dy’t It Fryske Berneboek sûnt 1997 útjûn hat.

De earste tekst waard betocht troch Jacobus Quiryn Smink en hjit Tiidmasine. Karin Poeisz makke der in moaie poster fan. It is de ienfâldichste tekst fan de tolve/trettjin lieten, mar in hiel opfallende song wurden. Eins in mantra, sei in oare sjongeres der fan.

Ensafh fynt it in hit en krige permisje fan de geastlike heiten en memmen om doe no dan op it poadium te setten.… Lês fierder

de redaksje

De rubryk Poadium

logo.ensafh

De rubryk Poadium is ornearre foar mieningen, diskusje en polemyk, oangeande literêre en kulturele en maatskiplike saken (dy’t ek de literatuer reitsje). Dêrnêst is der ek romte foar presintaasjes. It stiet elkenien frij om der bydragen foar yn te stjoeren. Wy hoopje dat der in protte gebrûk fan makke wurde sil.

Digitaal redaksjeadres: redaksje@ensafh.nlLês fierder