https://www.youtube.com/watch?v=CXNMWjglV-M&feature=youtu.be
Oanbieding oarkonde troch deputearre de Vries
https://www.youtube.com/watch?v=CXNMWjglV-M&feature=youtu.be
Oanbieding oarkonde troch deputearre de Vries
It begjint al mei de titel fan it projekt: ‘10 books from Friesland’. De offisjele namme fan de provinsje is Fryslân. Mar kin men oars ferwachtsje fan in organisaasje dy’t it yn de Nederlânske fariant oer ‘10 books from Holland’ hat? Soks is tekenjend foar de blykbere sleauwens en maklikens dêr’t it Buchmesse-projekt mei útfierd wurden is.
Ut dy reden hat it oars sa sympatike inisjatyf fan de provinsje Fryslân net de glâns en blâns krigen dy’t it fertsjinne. Namste spitiger om’t wy foar’t neist mar ien kâns krije, en ek dêrom is it net ferwûnderlik dat it meastepart fan de Fryske skriuwers protest tsjin de gong fan saken oantekene hat.… Lês fierder
It Grut Frysk Diktee fan stúdzjeferiening Skanomodu, 14 juny 2013
De fallissemintferkeap fan it Geeffryske erfskip
Hawwe jimme der fnit mei en binne jim al yn hallelujastimming? Hawwe jim byderhante dikteepartisipanten jim A4-papier en in goede all-riskfersekering? Binne alle sjueryleden ree? Jimme meie gjin typmasines brûke, ek al krije je it hinne-en-wer fan dizze poseur. Ik hoopje dat jimme my fersteane, om’t myn aksint net rjocht fan ‘e Noardklaai-isoglosse is. It is sjantaazje noch in ienaprilgrap, ik wol net sjarzjearje, jimme soene graach allegear goudenmedaljewinners wurde wolle, mar ja: ha jim de stavering fan przewalskyhynder paraat? Under de muontsen moat ommers ek skifte wurde.… Lês fierder
27-04-2013 Tût literêr Fryslân wie oanwêzich by de presintaasje fan nije boeken fan Matty de Vries, Foppe Venema, Leo Popma en Rypke Sierksma. Fierders waard ek de útstalling iepene fan in seleksje fan de skilderijen fan Reinder R. van der Leest.
Plak fan hanneling: de Mariatsjerke te Blessum.
In lytse seleksje fan de oanwêzigen:
Bij ’t fernimmen fan ’t ferstorven fan Tsjêbbe Hettinga
De dyk draait foor my weg.
’n Lantearnpaal skuuft in ’e berm.
Ik fyn genade in dyn skoat,
‘n Briefy met liefde in ’e jasbús.
Bij de plaats lêge swartwitte feren fan ’n skolekster.
’n Haas skiet fort, ’n wikel skeert der overhyn.
As foorjaarssnee de witte dônsferen.
Ik pak ’n steertfeer en dink an de groate dichter.… Lês fierder
It ferstjerren fan Tsjêbbe Hettinga is in grut ferlies foar de Fryske dichtkeunst, foar Fryslân en foar Nederlân. Foar dy’t him as heit, as broer, as freon, as meispiler yn in band kend ha is it ferlies ûnwittend grutter – dêr kin ik net oer skriuwe. Tsjêbbe hâlde wurk en privee sa folle mooglik apart. It gie om syn wurk, net om syn persoan. O wee de mediaman dy’t in fraachpetear mei him ha woe en skine liet dat er syn wurk net lêzen hie! Sagau’t er ûnechtens by de media opmurk wie it ho. By syn twadde kear op Poetry yn Rotterdam hie de Ljouwerter Krante in fotograaf dêre opdracht jûn in foto fan it optreden te meitsjen.… Lês fierder