Taspraak deputearre De Vries Gysbert Japicxpriis 2011

logo.ensafh

Taspraak dep. Jannewietske de Vries by útrikking
Gysbert Japicxpriis oan Durk van der Ploeg.

Achte oanwêzigen/Bêste minsken,

It moat my mar fuortendaliks fan it hert: einlings hat Durk van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis! Gelokkich, ik kin net oars sizze.
At der ien de priis fertsjinnet, dan Van der Ploeg. Alle kearen neamd, nea wûn. Wat wie ik bliid dat ik Durk van der Ploeg lêsten moarnsbetiid belje mocht om him te fertellen dat er dizze priis krije soe.

Dêrmei is de erkenning realisearre fan in grut skriuwer, mei in grut oeuvre. No wie dizze erkenning der altyd wol, fan de lêzers, mar at je dan altyd op ien nei earst binne, dan kin ik my yntinke dat je wolris wat teloarsteld binne.… Lês fierder

Advys kommisje Gysbert Japicxpriis 2011

logo.ensafh

Advyskommisje

Oan: Deputearre Steaten fan Fryslân
t.a.f. Jannewietske de Vries, kultuerdeputearre

Fan: advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2011
(Sietske de Jong, Ate Grijpstra en Willem Verf)

Ikkerwâld, 30 augustus 2011.

Acht kolleezje,

Hjirby advisearje wy de Provinsje Fryslân de Gysbert Japicxpriis 2011 ta te kennen oan Durk fan der Ploeg, skriuwer te Noardburgum. Fierderop yn dit brief fine jimme in wiidweidige ynhâldlike motivaasje foar dit advys.

Alderearst wolle wy as kommisje graach in advys útbringe oer it karakter fan de priis. Wy fûnen it dreech om alle sjenres literatuer, útsein poëzij, yn ús oardielsfoarming te belûken. Boppedat moasten wy kieze oft wy de priis takenne moasten oan in inkeld boek of foar in heul oeuvre.… Lês fierder

Laudatio foar Durk van der Ploeg

logo.ensafh

Laudatio fan Bert Looper

Achte oanwêzigen, achte Van der Ploeg,

Yn 2007 kaam ik nei 32 jier wer werom yn Fryslân. Durk van der Ploeg wie de earste Fryske skriuwer dêr’t ik doe oer de flier kaam. Ja, Van der Ploeg, jo sjogge no wat ferheard want de wurden ‘oer de flier komme’ suggerearje in relaasje dy’t der yndie net is. Sterker noch, jo witte faaks net iens dat ik by jo oer de flier kaam want jo moasten dy deis wat yn de tún omskarrelje en sa koe ik mei de makelaar troch jo hús hinne strune…. Ik wist sels ek net dat ik in besichtiging hie by de skriuwer Durk van der Ploeg, mar ûnder de rûnlieding kamen de makelaar en ik ek yn in studearkeamer en dêr waard it foar my dúdlik: ik stean hjir yn it hillichdom fan Durk van der Ploeg!… Lês fierder

Durk van der Ploeg net favoryt by ensafh-lêzers

logo.ensafh

Okkerdeis is bekendmakke dat Durk van der Ploeg de Gysbert Japicx-priis wûn hat foar syn hiele oeuvre. Foar de ensafh-lêzers wie er lykwols net de favoryt.

De ôfrûne moannen stie op ensafh.nl, de site fan it Frysk literêre tydskrift Ensafh, in poll online dêr’t elk op syn favorite skriuwer/boek stimme koe. Op ensafh.nl is net ien kear op Van der Ploeg stimd. Ferrassenderwize kaam dêr in ûnbekend boek as winner út ’e bus, De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen, it debút fan Geart Jan Tigcheldam. Op it twadde plak einige de roman Joppe fan Hein Jaap Hilarides. It lêste plakje yn de top trije wie foar Greet Andringa mei har roman Libben reach.… Lês fierder

Salsafamke, it audioboek

logo.ensafh

Yn 2010 krige Hanneke de Jong de Simke Kloostermanpriis foar Salsafamke.

Yn it rapport skriuwt de sjuery:

De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao omdat har broer dęr staazje rint. Se komt yn ’e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dűnset wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dęrfoar dwaan moat. As se werom is yn Nederlân fernimt se dat se yn ferwachting is. Omdat se neat oan har mem hat, giet se nei har beppe ta en freget om rie: moat ik abortus dwaan litte of net?… Lês fierder