
Sneintemiddei 23 maart waard yn literêr kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar it nije boek fan Willem Verf presintearre. Neffens Ernst Bruinsma, útjouwer by de Afûk, is Verf deryn slagge om oan in lange rige in unyk boek ta te heakjen oer in persoanlike skiednis. Mei dy lange rige bedoelde er al dy boeken dy’t troch de jierren hinne oer it tiidrek 1940–1945 skreaun binne. Bruinsma neamde De laars op de nek fan Maurits Dekker, dat al yn 1945 útkaam, mar der falt ek te tinken oan boeken as Pastorale fan Vestdijk en De donkere kamer van Damocles fan Hermans út 1958.… Lês fierder