Prate yn de tredde persoan

logo.ensafh

 

Mem. Wol mem, as it mem útkomt, efkes neitinke oer wêr’t mem myn redens opburgen hat, mem? MEM?

Friezen brûke faak de tredde persoan by it oansprekken fan minsken binnen de famylje. Se sizze bygelyks: ‘Wol heit dat foar my dwaan?’ Soms wurde ek de buorman of buorfrou of dosinten op dy manier oansprutsen. It giet om in yndirekte oansprekfoarm. Troch te sizzen: ‘Kin buorman de doar iependwaan?’ giest it brûken fan ‘do’ of ‘jo’ út ’e wei. Mar faak is it ek in teken fan hoflikheid.

Lês fierder by Heit & MemLês fierder

Kollum Gabriëlle Terpstra: Fan Frjentsjer oant Kaunas

logo.ensafh

Op dit stuit befyn ik my yn de sjarmante stêd Kaunas, yn Litouwen. In gesellige âlde stêd, dêr’t ik justerjûn nei in reis fan sân oere, of acht ast it tiidsferskil fan in oere meitelst, oankaam. Ik checkte yn by myn hotel, tapaslik Broken Bed Hotel neamd, dat in grappige útstrieling hat mei donker ferve muorren en grutte skilderijen.
It earste wat ik die wie op ’e siik gean nei wat te iten, ien fan de útdagingen fan solo reizgjen.

It fielt ûngemaklik om allinnich yn in sjyk restaurant te sitten, en hoe wurger oft ik bin, hoe dreger oft de kar wurdt.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Simpel is it nije nochter

logo.ensafh

“Simpel is it nije nochter”, sei ik, tsjin de sjauffeur en der waard mei ynstimming op reagearre. Mar ik tocht daliks, it klink tûk, krekt as sa’n maklik tekstplaatsje dat lju diele op sosjale media – mar doocht it wol? It wie in tins dy’t by my opkaam nei it lêzen fan kommentaren ûnder in artikel op in lokale nijsside. De kommentaren fan accounts dy’t harsels as minsken mei helder of boereferstân presintearje, litte krekt de meast platte ûnderliifklisjees los. Dat sa, ‘simpel is it nije nochter’. Mar men wit nea oft it wol echte minsken binne, en net trollen of ‘bots’.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Een midweke vot

logo.ensafh

Dit is een vroeg dagboekstokkien, mar ik zal now even een midweke vot. Gerda brengt kammeraod Jelle uut Sneek hier aanst, dan drinken we hier nog wat, en dan gaot Gerda weer naor Sneek en wi’j mit mien auto naor Lochem. Daor zitten we vandeweke in een husien. Now ja, hopelik niet altied. Et is lange niet zo waarm meer, dat is niet slim, as et mar niet algedurig regent.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Henk van der Veer: Ouwe mannen & Ouwe mannen

logo.ensafh

De ene ouwe man is de andere nyt, dat geldt ok foar Amearikanen, at su nou Joe Biden hite òf Bruce Springsteen. Donderdachavend 27 júny was ik bij un konsert fan The Boss en syn E-Streetband in ‘Hello Nijmegen!’
Ik was nyt allienech. Met nòch su’n 60- dúzend waren we naar ut Goffertpark kommen. Foarou an ut konsert waande ik mij wear even teruch in ‘e sixty’s en seventies. Dachdrome.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Klaes Dykstra en syn betsjutting foar it Frysk

logo.ensafh

Presys 100 jier lyn waard Klaes Dykstra, berne as Klaas Dijkstra, berne yn Sigerswâld. In iuw nei syn berte siket kollegaskriuwer en -oersetter Geart van der Meer foar Tresoar út wat krekt Dykstra syn betsjutting foar de Fryske taal en literatuer west hat. Van der Meer sjocht dêr nei mei syn eigen oersetterseach en fertelt syn ferhaal yn syn eigen stavering.

Lês fierder by Geart van der Meer op Frisistyk… Lês fierder