Kollum Henk van der Veer: Durkje

logo.ensafh

Durkje Hoeksema. Durkje werkt en woant in de kapperssaak an’e Kerkstraat in Makkum. Un bysònder plak en dan druk ik mij wel heel foarsichtech út.
Ut is un hús fol met ferhalen, over har family en Makkum. An’e Kerkstraat startte Durkje har overgroatfader, Ynze Hoeksema, op 24 mei fan ut jaar 1893 syn kapperssaak. Dy Ynze had der nòcht an, want op’e bovenferdyping had hij ok nòch un skoënmakerij en der wurdden ok nòch rousluiers ferhuurd. Ynze wurdde nyt oud, hij overleed op 47-jarege leeftyd.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Biograaf Liuwe Westra: “Tony Feitsma libbe sân dagen yn de wike foar it Frysk”

logo.ensafh

Yn har priveelibben, as wittenskipper en as taalbeweger: heechlearaar Tony Feitsma (1928-2009) wie sân dagen yn de wike mei de Fryske taal en kultuer besteld.
Sa’n trije jier hat predikant en literêr oersetter Liuwe Westra dwaande west mei syn biografy oer Tony Feitsma. ‘Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009)’ waard ôfrûne woansdei oerlange oan kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Dat de biografy fan Feitsma der komme moast, stie foar Westra as in peal boppe wetter. “As jo jo tusken 1960 en 2000 dwaande hâlden mei it Frysk, op hokker mêd dan ek, dan koene je net om Tony Feitsma hinne.… Lês fierder

Kollum Jan Bosgraaf: Fuort mei Winnetou?

logo.ensafh

Wat sille we no belibje? Lês ik it goed? Wrachtich, it stiet der echt. Mei grutte koweletters. ‘Verkoopstop voor Winnetou.’

De Dútske útjouwerij Ravensburger Verlag hâldt op mei de ferkeap fan in pear nije berneboeken dy’t basearre binne op in nije film oer Winnetou. De Nederlânske útjouwer Meulenhoff Boekerij jout de nije Winnetou-berneboeken ek net mear út. ‘Wy folgje de line fan de Dútske útjouwer’, is de ferklearring. Neffens de Dútske útjouwer kamen der in soad negative reaksjes op hoe’t de lânseigen befolking delset is. Dêrmei wol de útjouwer sizze dat aktivisten op sosjale media grutte fraachtekens pleatsten by de stereotipen dy’t neffens harren yn de publikaasjes nei foaren komme.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Twente

logo.ensafh

Haarm en ik hadden vandaege naor kammeraod Gé in Borne/Boorn zuld. We gongen altied ien keer in et jaor naor him toe. Dat was jaorenlaank vaast pandoer. Mar… et is now al vier jaor leden dawwe d’r veur de laeste keer west hebben. Dat was in 2018. In 219 was ik niet al te goed doe we d’r henne zollen en doe kwammen d’r twie meer as vervelende coronajaoren. Mar now zol et wezen! Mar ja, mien energie is nog wel wat beparkt nao mien uutvanhuzeri’je in et ziekenhuus, dat we hebben et uutsteld tot ankem veurjaor.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Skôging Pier Bergsma: Tony Feitsma, pionier foar it Frysk

logo.ensafh

Nei krap trije jier wie it woansdei 14 septimber dan safier dat Liuwe Westra syn biografy oer Tony Feitsma presintearje koe. It is in mânsk boek fan 720 siden wurden op glossy papier en mei in soad foto’s. De presintaasje wie op it troch de Fryske Akademy organisearre trijedeiske kongres ‘On Frisian Humanities’.

Yn de ynlieding op dizze middei oer “De fearkrêft fan it Frysk: Plak en bydrage fan Tony Feitsma yn in spanningsfol fjild fan krêften” sketste foarsitter Alex Riemersma al in byld fan Tony Feitsma: “Sy doarste it oan mei nije en oare eagen nei it Frysk te sjen.”… Lês fierder