De ramp dy’t 2nd Conference on Frisian Humanities hjit
Fan 14 oantemei 16 septimber 2022 hâlde Fryske Akademy, RUG en NHL/Stenden in ‘Conference on Frisian Humanities’, yn gewoane taal in Frysk Geasteswittenskiplik Kongres, yn it WTC yn Ljouwert. It is de twadde kear dat se soks dogge: in parade organisearje fan wat men beskôget as it bêste en nijsgjirrichste en wichtichste wurk dat Fryske ‘geasteswittenskippers’ út ’e wei sette.
It programma fertelt ús op watfoar wurk de organisaasje grutsk is, punten hopet te skoaren op de nasjonale wittenskipsaginda, en wêr’t se mei foarút wolle de kommende jierren. Mar dat programma fertelt ús spitigernôch ek wat oer de kultueriside (‘the systematic destruction of a culture, particularly one unique to a specific ethnicity’)dy’t de organisearjende ynstellingen plege, en fierder plege wolle, en fierder plege sille, op de Fryske letterkundige kultuer.… Lês fierder