Blog Johan Veenstra: Keuningsdag

logo.ensafh

Eindelik hawwe weer es een gewone Keuningsdag nao die twie vervelende coronajaoren. Mooi dat et weer kon! Ik hebbe vandemorgen naor de feestelikheden in Mestricht keken. In et verleden kwammen Haarm (Harmen Houtman) en ik daor jaorliks een peer daegen op bezuuk bi’j Alice Heynen, die we kenden van een Duutse kestelereize en die in een flat an et Keuningsplein woonde. Haarm en ik sleupen dan in hotel Steijns, vlakbi’j et Centraol Stesjon. Daoromme was et zo mooi om al die bekende plakkies vandemorgen op ‘e tillevisie te zien.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Ferslach Boekpresintaasje ‘Maia en har freonen’

logo.ensafh

Op tongersdei 21 april l.l. wie de presintaasje fan Maia en har freonen, in berneboek út Oekraïne, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen.

It earste eksimplaar waard troch de njoggenjierrige Motvey Tymts, dy’t acht jier lyn mei syn âlden en suster út de Krim flechtsje moasten, oanbean oan Gertrud Palstra fan FERS.

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder

Kollum Henk van der Veer: HJSC

logo.ensafh

De letters HJSC staan foar Hommerts Jutrijper Sport Combinatie. De foetbalklup út, wat Snekers dan sêge, de deurwaaidòrpen ten súden fan de stad. HJSC fiert dit jaar syn 75-jarech júbileum en doën dat nou nyt bepaald súnech.

Mar liefst 75 dagen duurt ut feest met allemaal aktiviteiten. Gelyk hewwe se dêr in ‘e Hommerts-Jutryp: At je wat fiere kanne dan mutte je ut ok goëd doën.

De naam HJSC is trouwens ouwer as de oprichtingsdatum fan de foetbalklup op 12 april 1947, want op 18 jannewary 1934 frage Toussaint Nauta en Roel Dozeman namens HJSC toestemming an ut gemeentebestuur foar un ferlotting.… Lês fierder

Kollum Liuwe H. Westra: ‘Iedereen, buitengesloten, halsstarrig’? Sander Warmerdam: trije kear mis!

logo.ensafh

Opmerkings fan in taalkundige

Op it ôfrûne Sieperda Symposium op 8 april wie frijwat opskuor troch útspraken oer it brûken fan it Frysk op Omrop Fryslân. Dat karakterisearre Sander Warmerdam as ‘halsstarrig’. Hy fûn, dêrtroch waarden minsken ‘buitengesloten’. Hy hie ek in oplossing: brûk mear Hollânsk, dan soe ‘iedereen’ it begripe kinne.

Los fan ’e diskusje oer de fiertaal fan ’e Omrop wol ik graach omtinken freegje foar it gebrûk fan dy wurden. Mei wurden kinne jo dingen yn in beskaat ljocht sette. Tsjintwurdich hjit dat ‘framing’, mar it ferskynsel is sa âld as it minskdom. Framing hoecht op himsels net ferkeard te wêzen.… Lês fierder

Kollum Jan Schokker: Brûsfûgel

logo.ensafh

‘It is in moaie maitiidsdei. Wim stiet by syn skiep, der is ommers altyd wat te sjen. Twa lamkes moat er drinke litte, mar oars giet it dêr yn it Leechlân sa’t it gewoanwei gean moatte soe. Efkes letter is it krekt as ferstapt Wim him yn it stikje grûn dêr’t niis nije beamkes plante binne. Wim, lykwols, hat him net ferstapt. Hy falt samar om. It hert wol net langer mear.’

Sa likernôch iepene de sprekster de tsjinst ta oantinken oan in neef fan de frou. Se hie moaie ferhalen oer Wim, yn it bygeboutsje fan de tsjerke fan Warten.… Lês fierder