Bücherschau des Tages: Glanz und Elend dieses Rockstarlebens

logo.ensafh

11.06.2024. Die SZ bekommt von Wolfgang Kraushaar das perfekte Rüstzeug für eine Diskussion über den Nahostkonflikt. Die FAZ schöpft Hoffnung mit Moussa Abadis Roman “Die Königin und der Kalligraph” über Damaskus im frühen 20. Jahrhundert. Dlf erlernt von Lorenz Jäger “Die Kunst des Lebens, die Kunst des Sterbens”.

Lês fierder by PerlentaucherLês fierder

Henk Wolf: “Meartaligenskoördinator”: misbetearde wurdsjebakkerij

logo.ensafh

Omrop Fryslân fernijde op 5 juny dat Wietske Poelman “meartaligenskoördinator” fan de gemeente Noardeast-Fryslân wurdt. Dat is moai nijs. It taalferskaat yn Noardeast-Fryslân is grut: de measte doarpen binne Frysktalich, Dokkum hat syn stedsk, yn it Lauwersmargebiet wurde dialekten praat dy’t almeast by it Nedersaksysk rekkene wurde, al tinke guon dêr langer wat oars oer en it Nederlânsk heart en lêst men der ek rûnom. Sille de lytse talen der net ûnder strûpe, dan hat men grut ferlet fan ien as frou Poelman.

De funksjenamme meartaligenskoördinator is lykwols al wat nuver.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

Op tiidwurden.frl steane al 10.000 tiidwurden: “Friese taal werd mijn hobby”

logo.ensafh

Fryske taalhelpwebsite tiidwurden.frl hat de mylpeal fan 10.000 tiidwurden oantikke. Dat binne der hiel wat, foaral ast betinkst dat de website noch gjin healjier yn de loft is. Betinker en tiidwurdentûsjasteling Henk Schaap is grutsk.
Schaap wennet sûnt in jier yn Fryslân. Hy komt fan West-Fryslân en wenne de ôfrûne jierren yn Amsterdam. Schaap hie al famylje yn Fryslân.
No’t syn pensjoen tichterby komt, woe er him graach wat mear yn de rêst bejaan. Dy rêst hat er fûn yn Drachten.
“Het woont heerlijk”, begjint Schaap. “Maar ja, de taal kende ik niet.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Jelle van der Meulen: Boekpresintaasje yn Skettens

logo.ensafh

Goed sân jier wenje ik no yn Koudum, yn de gemeente Súdwest-Fryslân en ik ha al hiel wat fan dy kwa oerflakte grutste gemeente fan Nederlân sjoen. Mar yn Skettens kaam ik noch net, oant sneon 8 juny. Doe fûn dêr de boekpresintaasje plak fan it Fryske ferhaleboek Bern op ‘e romte fan Klaas Ybema. Klaas learde ik in jier lyn kennen. Ik fytste him yn Warkum foarby, flakby it hûs fan Hille Faber mei wa ‘t ik tegearre Utjouwerij DeRyp foarm. Doe ‘t ik ôfstapt wie, kaam ek dy man dy ‘t ik foarbyriden wie en sawat krekt sok lang en wyt hier hat as ik, it hiem opriden.… Lês fierder

Henk te Biesebeek mei pensjoen: “In ferhearde taskôger yn in woeilige wrâld”

logo.ensafh

Nei hast 35 jier nimt Henk te Biesebeek (67) ôfskied fan Omrop Fryslân. As programmamakker, resinsint en foaral as ferslachjouwer wie hy wend om fragen te stellen oan oaren. En no freget er him ôf wa’t er sels is.
Te Biesebeek kaam by Omrop Fryslân troch syn kabaretfoarstelling mei Geart Gratama, de soan fan Rients Gratama. Se mochten harren lieten bringe yn it kultuerprogramma De Koperen Tún op de radio.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Beppe Gatske

logo.ensafh

– Ik in behâldsman wat it Frysk oanbelanget?
– Jaap is frijwat âldfrinzich yn syn wurdkar en dêrom wurdt er neffens my net lêzen.
– Man, ik skriuw net om lêzen te wurden… mar om’t ik it net litte kin! As Jan dêr in pil foar hat… jou my him!
– As ik dêr in pil foar hie, dan krige Jaap him net! Nee, mar Jaap soe syn taalgebrûk dochs wol wat oanpasse kinne oan wat op it heden gongber is?

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder