Kollum Gerard de Jong: Bedraigde soort

logo.ensafh

Albatrossen binne trouwe, monogame feugels, maar de leste jaren skaide se faker. Ik most ok even in de ogen wrive, maar ’t is echt soa. Normaal gong soa’n 1 prosint fan de paren útnander, foornaamlik at ’t niet lukt om nageslacht te krijen. Maar ’t persintazy is bij sommige populasys de ôflopene 15 jaar oplopen tot 8 prosint.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Oersettingen Ingeborg Bachmann: ‘De opskoarte tiid´ en oaren

logo.ensafh

De opskoarte tiid

Der komme rouwer dagen.
De ta neier oarder opskoarte tiid
wurdt sichtber oan de kimen.
Aanst moatsto dy de fiters strikke
en de hûnen weromjeie nei de kwelderpleatsen.
Want de yngewanten fan de fisken
binne kâld wurden yn de wyn.
Earmoedich brânt it ljocht fan de lupinen.
Dyn blik lûkt spoaren yn de dize:
de ta neier oarder opskoarte tiid
wurdt sichtber oan de kimen.

Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek

Sjoch hjir foar mear Bachmann-oersettingen fan Klaas van der Hoek… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Húsdòkters

logo.ensafh

Húsdòkters

Húsdòkters binne krekt gewoane minsen, je hewwe se in alle soarten en maten. Dat is in Sneek al nyt anders. Langsamerhaan ferdwine de eenpitters, húsdòkters dy’t nòch un selfstandege praktyk hewwe, dus nyt in maatskap met andere kollega’s.

Per 1 jannewary anstaande houdt dokter Sytse Huismans út Sneek der met op. Syn opfòlging is ondertussen keurech netsjes regeld. Un dòktersechtpaar nimt de praktyk fan Huismans over. In de GrootSneek-krant staat un interview dat ik met ‘Húsmans’ had. Húsdòkters leve nòch altyd in un glazen hús, houwe faak gepaste oustaan.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Kollum Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: Brievebus

logo.ensafh

Silst mar yn de drokke wiken foar de krystdagen, dêr’tst ekstra hurd yn wurkest om noch in tal wichtige, nee, sels essinsjele saken foar de ein fan it jier klear te krijen, in krystkaart iepenje om dêryn in bedriging oan te treffen. In bedriging, net omdatst wat ferwytbers dien hast, mar omdat ien frustrearre is oer dizze tiid en yn dy as in fertsjintwurdiger dêrfan sjocht.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Daam de Vries: Krimineel opstel

logo.ensafh

En dêr siet de fjouwerkaart justerjûn let al by Sven Kokkelpraat te orakeljen. Wat te fier útelkoar om inoar de kont útslikje te kinnen, oars hiene se dat dien. Ik tink dat Amalia dat ferbean hat want dy hat fansels sjoen dat gâns it folk ôfrûne snein, yn- oan- en opinoar siet wylst sy allinnich in pear partytintsjes bûtendoar hie te stean. Dat it famke hat alle rjocht dizze fjouwer kriminelen ris efkes in spegel foar te hâlden.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder