Poëzij Martsje de Jong op RIXT: Bryk / Krokig

logo.ensafh

Martsje de Jong skreau it fers ‘Bryk’. Se skriuwt hjiroer: ‘ Yn Harns prate ik mei Syds (Wiersma) oer de yn Ljouwert fêstige ynstitúsjes dy’t wakker war dwaan wolle en dat ek moatte foar de Fryske literatuer. Der giet in knoarre subsydzje yn, dêr’t sa’n orgaan dan mei grut fertoan mei opset wurdt. As it dan oan de ynhâld ta is, bliuwt it dochs yn haadsaak leech.
Wy fielden wol wat foar in protest.’

De Deenske oersetting is fan Tomas Dalgaard

Lês fierder by RIXTLês fierder

Der wie ek al rebûlje om it Frysk yn de tritiger jierren

logo.ensafh

By alle aktiviteiten om de Kneppelfreedbetinking hinne fernuvere it my dat nearne nei foaren brocht waard wat him him njoggentjin jier earder ôfspile hat: Fryske studinten geane op de dei fan it Krystkongres fan desimber 1932 de strjitte op mei flaggen: de Fryske en dy fan studinteselskippen út Wageningen en Utert. Hja hawwe foar dy demonstraasje gjin fergunnung oanfrege. Plysje Berend Wachter freget harren om de flaggen op te rôljen, wat se net dogge. Se wurde op ‘e bon slingere. Ien fan harren, Haring Tjittes Piebenga, wurdt dy middeis noch in skofke fêstholden, hy hie plysje Berend de pet fan ‘e holle slein.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: De museummoard

logo.ensafh

De iene boekpresintaasje is de oare net. Guon witte jo net in soad mear fan, oaren sille jo foar ‘t neist noait wer ferjitte. Sa’nent hie ik hjoed. Op It Hearrenfean.

It Hearrenfean en ik, dat akkordearret net rjocht. De foarige kear dat ik dêr wie siet ik yn in hiel ferkearde seal fan Thialf, dat wie by de presintaasje fan De Tredde Perioade. Hjoed moast ik yn Belvédère wêze. En omdat ik gjin Tom-Tom ha hie ik dat efkes besjoen op de side fan it museum sels. Oan de ein fan ien strjitte wie in grut parkearterrein. Dat gong fierder prima, ik wie moai op ‘e tiid mar doe’t ik de saak ris beseach like it my fier genôch rinnen.… Lês fierder

Neues zu Tolkiens Mittelerde : Das Schicksal der Elben

logo.ensafh

Mit dem Tod J.R.R. Tolkiens am 2. September 1973 begann eine Publikationsgeschichte, die ihresgleichen sucht: Die schiere Menge der seither postum publizierten von Tolkien herrührenden Buchseiten übersteigt die der zu Lebzeiten veröffentlichten bei Weitem. Dem „Hobbit“ von 1937 und dem „Herrn der Ringe“ (1954/55) stehen etwa das „Silmarillion“ und das Riesenwerk „The History of Middle-earth“ gegenüber, die wie zahlreiche weitere postume Tolkien-Bücher vom dritten Sohn des Autors, Christopher Tolkien, herausgegeben wurden, zusammen­gestellt teils aus einem offenbar recht unübersichtlichen Konvolut im Nachlass.

Lês en sjoch fierder by de Frankfurter AllgemeineLês fierder

Kollum Anne-Goaitske Breteler: in sêftere sneon

logo.ensafh

Ofrûne sneon spruts skriuwster en antropolooch Anne-Goatske Breteler op de Fedde Schurerlêzing de neifolgjende kollum út oer analfabetisme ûnder Frysktalige jongerein en wat dêr neffens har oan te dwaan is. “Foar in sûner Frysk.”

Op ‘e foto dy’t by myn âlders op ‘e skoarstienmantel stiet, sjoch ik de âlde folkband ‘Kneppelfreed’, dêr’t ús heit diel fan útmakke. De swart-wytprinte komt út de jierren santich, de perioade dat se mei de band Fryske lieten yn binnen- en bûtenlân ta gehoar brochten. As wy it thús oer Kneppelfreed hawwe, dan giet it oer de muzyk, net oer de molkboer as fee-arts, net oer Tjebbe de Jong as Fedde Schurer.… Lês fierder