Blog Daam de Vries: Trije ‘dinkjes’

logo.ensafh

Us MP sûnder misje tinkt dat er de oarloch winne sil troch allerhanne hieltyd idioatere wurden te brûken: geschokt, idioten, tuig, en al sa mear. Ik kin him sa wol fertelle dat dat hielendal neat jout. Ha de oplossing ek net daliks foarhannen mar sûnder ien op ien in relaasje te lizzen liket it my wol helder dat it ôfskaffen fan kultuer en sport foar jeugd en oaren yn alle gefallen net helpt.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Weromsjen: presintaasje fan Kneppelfreed 2021

logo.ensafh

Mei in soad publyk, sawol yn de steateseal as online, wie op freed 12 novimber de feestlike presintaasje fan Kneppelfreed 2021 mei Peter Boomsma, Piter Wilkens, Pier21 en de gastskriuwers, Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg. De gearkomste is ek online werom te sjen fia it provinsjehûs.

Lês fierder by EBLTEBLTLês fierder

Kollum Henk van der Veer: Idoalen & ikoanen

logo.ensafh

“Oulopen weekend nyt, mar ut weekend dêrfoar, de weken fliëge werklek foarbij, was un maat en kollega fan mij helemaal blij. En ik hou fan blije minsen. Wat was der an’e haan?

Fotograaf Douwe Bijlsma, dy fan ‘Gewoan Dwaan’, was helemaal ferguld fan un foto. Nyt fan un foto dy’t hij self skoaten had, mar un foto wêr’t hij tegare met syn groate jeugdidoal André van Duin op staat.

“As lyts jonkje fûn ik it al geweldich om André van Duin nei te dwaan troch brike bekken te lûken”, ferklaarde Douwe. Ik fyn dat ontwapenend moai. “Idolen voorzien in diepmenselijke behoeften.… Lês fierder

Ferhaal Koos Tiemersma: Túnpaad

logo.ensafh

Ik wist it al hiel lang, mar as it dan werklik safier is, docht it dochs in bytsje sear: it túnpaad is ynienen te koart. En dat wylst it sa’n moai, troch fakminsken oanlein paad is, mei stientsjes yn it lang en in prachtige slinger op healwei.

In perfekt paad dus om ien fan myn bernsbern it fytsen te learen. Se is op ’t lêst fjouwer, en dan mei it wol in kear. Dat alle wiken op ús oppasdei til ik har fytske op de stegerhouten túntafel om it seal wat nei ûnderen te setten. Dat is omdat se oars de fuotten net stevich op ’e grûn krije kin.… Lês fierder