Ik wist it al hiel lang, mar as it dan werklik safier is, docht it dochs in bytsje sear: it túnpaad is ynienen te koart. En dat wylst it sa’n moai, troch fakminsken oanlein paad is, mei stientsjes yn it lang en in prachtige slinger op healwei.
In perfekt paad dus om ien fan myn bernsbern it fytsen te learen. Se is op ’t lêst fjouwer, en dan mei it wol in kear. Dat alle wiken op ús oppasdei til ik har fytske op de stegerhouten túntafel om it seal wat nei ûnderen te setten. Dat is omdat se oars de fuotten net stevich op ’e grûn krije kin.… Lês fierder