Blog Koos Tiemersma: Herberch Frisia

logo.ensafh

In herberch, ít plak foar de wurge reizger om wat te iten, mei muzyk en drank, om dernei yn in waarm bêd te bekommen fan de reis. Dat byld wurdt no ynset as namme fan in nij literêr festival dat yn meardere gemeenten op priemmen set wurdt. Hoe hearlik is dat foarútsjoch: einlings wer in festival mei (Fryske) literatuer sintraal. Hoopje ik. Want sûnt it Fryske Boek weiwurden is troch de apaty dêr’t literêr Fryslân mei oanklaud sit, is it kontakt tusken skriuwer en lêzer der net op foarútgien.

No ha ’k it wurd ‘hoopje’ yn de foarige alinea net foar neat brûkt.… Lês fierder

Leestekens: onaanzienlijk en ondergewaardeerd

logo.ensafh

Vandaag verschijnt Wat gebeurt er in het Nederlands?! Over taal, frequentie en variatie. Daarom een voorpublicatie over leestekens van Nicoline van der Sijs.

Taalkundigen bestuderen taalverandering door te kijken naar het veranderende gebruik van woorden en zinnen in teksten. De onbeduidende vlekjes in die teksten, de leestekens, zijn in de Nederlandse context tot nu toe grotendeels verwaarloosd. Dit ondanks het feit dat in een gemiddelde moderne tekst de komma vaker voorkomt dan het lidwoord de. Die leestekens geven aan waar een langere of kortere pauze moet worden ingelast in het (hardop) lezen – vandaar de naam leestekens.

Lês fierder by Neerlandistiek… Lês fierder

Blog Hanneke de Jong: Berneboekewike 2021 en mear!

logo.ensafh

t is wer berneboekewiketiid. Fansels hie ik graach op sjou gien by skoallen lâns om foar te lêzen en te fertellen. It leafst út It Ferbeane Boek om’t dat in echt boek is om yn in boekewike te lêzen. Of yn fakânsjes, of… No ja, wannear net? It is spannend, it is fantastysk, grappich en wolst trochlêze oant it út is. Mar nei skoallen ta gean sit der noch net yn, myn enerzjy sit yn trenen, kuierjen, fytsen (as it net te hurd waait) en skriuwen. Want ja, der komt wer in boek oan, mar net yn it Frysk. Dat stiet letter yn ‘e plenning.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Mear, mar minder hie better west

logo.ensafh

Alle dagen weroan, sneins útsûndere, falt moarns ier en betiid de Ljouwerter Krante op ’e matte. Somtiden wurde we der wekker fan. Lêzen komme we net folle earder oan ta as om kofjetiid hinne. No ja, dan blêdzje we der trochhinne. De kranten troch de wike ha sa’n 40 a 48 siden, freeds en sneons giet it om 80 en 88 siden. Dy ha jo net samar lêzen. As ik optel hoefolle bledsiden krante oft we yn ien wike krije, dan kom ik gau op sa’n 350 siden, dêr’t sa’n 60 advertinsjesiden fan binne, Gean der mar oanstean. En oft dat net genôch is, sit dêr sûnt koart noch in tydskrift foar yn it wykein by: Meer, hjit dat.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Wat in moai sieraad!

logo.ensafh

De walrus is wer ôfreizge. It moat in skrander bist wêze. Hy sil sjoen hawwe dat er yn in lân bedarre wie dêr’t se tonnen en tonnen spandearre hiene oan útlânske keunst wylst se de eigen keunstners net stean sjen woene. En út klearebare geastlike earmoed no oergien binne op healsliten objekten fan bûtenlanners.

In lân ek dêr’t (semy-)oerheidsmeiwurkers de rykstalen net hoege te behearskjen. Sa’n lân wie de walrus noch net earder tsjinkommen en ik tink earlik sein dat him dat op xyn fierdere reis ek net nochris oerkomme sil.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder