Blog Daam de Vries: De boargemaster en de kwast

logo.ensafh

Neffens Oebele Brouwer is sa’n fiifentweintich oant fjirtich persint fan de ynwenners fan syn gemeente asosjaal folk. Ik freegje my ôf oft sa’n man wol geskikt is as boargemaster, ik kin my yn alle gefallen gjin inkelde oare gemeente yn Nederlân en faaks yn de hiele wrâld wol net foarstelle dêr’t sokke útspraken akseptearre wurde soene. Mar yn Fryslân skynt alles te kinnen.

Ik wol it no net wer oer dy flagge hawwe mar al krekt efkes oer de PC.Dêr waard ferslach fan dien troch Oes Omroep, Oes Taal.

Lês fierder by Daam de VriesLês fierder

Kollum Jan Koops: Uutgomd

logo.ensafh

Op een keer hadde Robert Rauschenberg een tekening van de in Amerike wonende Nederlaanse tekener Willem de Kooning hielemaole uutgomd en nuumde et toen ‘Uutgomde de Kooningtekening.’

As veurbereiding op oonze verhuzing naor Kollum he’k destieds es wat op internet struund naor bizunderheden over et dörp. En doe dee ok blieken dat in 1913, et bouwjaor van oons huus, een Fraanse piloot een wedstried wunnen hadde deur – in iene dag – vanuut Zuud-Frankriek mit zien vliegtugien de meerste kilemeters te vliegen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Lomme Schokker: Ik ha in blog, seit se

logo.ensafh

Yn in iepening tusken it beamkeguod lâns de sleatskant mei útsjoch oer in greide grôtfol blierkoppen sit in meagere man op in klapstoel rjochtop en ûnferweechlik nei de kij te koekeloeren. Kommentaar fan in ferslachjouwer komt út krekt sa’n âlderwetsk transistorradioke as dy’t myn âldste broer begjin sechstiger jierren op syn brommer Dútslân út smokkele, in swarte Nordmende. Wer wurdt der in olympyske medalje oankundige, dit kear blykber fan in pear manlju dy’t in lytse 42 sekonden lang op in hurdfytsbaan yn ’e rûnte gisele hawwe. Tiemen Groen hat it doetiids fêst langer útholden.

Lês fierder by Lomme SchokkerLês fierder

Kollum Aant Mulder: Is 2021 wol in Olympysk jier

logo.ensafh

It binne nuvere tiden. It waar fan dizze simmer docht earder oan de hjerst as oan de simmer tinken. Wylst ik mien te witen dat it fan ’t jier 2021 is, sjoch ik hieltyd om my hinne it jiertal 2020. Dat men soe tinke dat it hjerst 2020 is. Dat is fansels net sa. It waar, dat witte we wol, dêr dogge we neat oan. It jiertal 2020 hat fansels alles te krijen mei de Olympyske Simmerspullen dy’t no ein july, begjin augustus yn Tokio, de haadstêd fan Japan, holden wurde. Dy Spullen wurde om de fjouwer jier holden en dat hie dus nei dy fan 2016 yn Rio yn 2020 moatten.… Lês fierder