Blog Ferdinand de Jong: Sander en Avine

logo.ensafh

Oan Arno Brok

It hong al in skoftsje yn de loft, de docu dêr’t kollega skriuwer Bart Kingma en eminint ûndersykssjoernalist Onno Falkena de winsklikheid en helberheid fan in Lelylijn en in dêroan keppele Deltaplan tsjin it ljocht hâlde. Yn tal fan opiny en oare stikken yn regionale en lânlike kranten wie it grutte ferset tsjin dizze megalomane opstigings al te lêzen, de healoere dy’t Kingma, Falkena en harren team dêr oan taheakje lit hielendal neat mear oerein fan de Noardlike bestjoerlike wiete dream.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

“The Worst Book Ever Published”

logo.ensafh

Poor Peter Vansittart. When he died after a career spanning seven decades and producing over 40 books, some newspapers reached back to the very beginning and dredged up a damning line written about his first novel I Am the World: “I can without hesitation say that this is the worst book ever published.” Just which critic wrote that, I’ve been unable to determine. But it’s the sort of absolute declaration that lends itself to endless repetition.

Lês fierder by The Neglected Books PageLês fierder

Online kursus ienakter goed ferrûn

logo.ensafh

Soe in online skriuwkursus wol wurkje? Dat wie de fraach doe’t ferline jier alle fysike kursussen op ’e nij skrast waarden yn ferbân mei koroana. Keunstwurk en Tresoar namen it inisjatyf om in online kursus rjochte op toanielskriuwen oan te bieden. It smiet moaie reaksjes en ynsjoggen op.

De kursuslieder wie Wessel de Vries, dy’t as toanielskriuwer sawol yn Fryslân (Tryater, Meeuw Jonge Theatermakers, Skoft&Skiep) as dêrbûten wurket. Yn in pear lessen krigen de kursisten útlis en opdrachten oer in ienakter, bygelyks hoe’t in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken der binne. In groep fan sân minsken gie entûsjast oan de slach en oan de ein hie hast elkenien in toanieltekst klear.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Pompebledsje net ferjitte

logo.ensafh

Der is op ‘t heden gâns opskuor oer fan alles en noch wat. Wy binne fansels ek in tige emosjoneel folk as ús dat sa útkomt. Ek wat koart fan memoarje. Dingen kinne yn in pear dagen tiid al wer oerbettere wêze, oaren al binnen in heale ieu. Ek dat is frij koart oft jo sels teminsten nei de sechstich rinne.

Okkerlêsten wie der sa’n nochal swier oerbetelle ballejagerke – ik miende fan in Deensk jonkje – dat ynienen omfoel. Dat wie net bêst, de hiele wrâld skriemde, de AED’s wiene fuortendaliks rûnom útferkocht en by de reanimaasjekursussen wiene de liken net oan te slepen.… Lês fierder

Kollum Jan de Groot: Bildtse Post

logo.ensafh

Dînsdegoffend 29 juny gong de kollum fan Jan op de radio bij Omrop Fryslân over wat d’r gebeuren gaat met ‘de Bildtse Post’.

Bildtse Post

Deuze week mot ik ’t over ‘de Bildtse Post’ hewwe, der kin ik niet omhine. Die krant ferskynt môrn namelik foor de allerlêste keer. Ja, in de form soa’t wij die al jaren kinne, bedoelst, sille de skerpe Bildtse folgers d’r nou drekt achteran sêge. De krant krijt inderdaad ’n deurstart, soa worde fleden week bekind. Pieter Jan Heidstra nimt de BP namelik over. ’n Woudpyk die’t ’t Bildt rêde mot, ’t mot niet botter worre… Maar klasse dat hij dut oppakt.… Lês fierder