Hiske Oosterwijk lit jazz en Gysbert Japicx tikkeboartsje yn ‘e Broeretsjerke yn Boalsert

logo.ensafh

De fan oarsprong Ljouwerter sjongeres Hiske Oosterwijk (1989) presintearre tongersdeitemiddei yn de Broeretsjerke fan Boalsert har tredde album Wurden. Mei dit album bringt se teksten fan de 17e-iuske Fryske dichter Gysbert Japicx op nije muzyk.

Rieneke Speerstra, meiwurker fan it Gysbert Japicxhûs, fertelde wat oer it belang fan de dichter dy’t it Frysk yn syn tiid werombrocht as skriuwtaal. Hy keas bewust foar it Frysk en moast sa syn eigen stavering betinke. Der binne strjitten en skoallen nei him neamd, en fansels de wichtichste provinsjale literatuerpriis.

Lês fierder by Arjan Hut op it Friesch DagbladLês fierder

Blog Jaap Slager: De earms fan ús mem

logo.ensafh [frije oersetting — wol in frekt frije oersetting, haw ik noed, want inkeld it opskrift mei noch wat lykje — fan Para os braços da minha mãe fan Pedro Abrunhosa]

 

‘k Kaam by de ein fan ‘e strjitte
Neat as legens temjitte
De wrâld waard my fierste wiid

En oars like er sa lyts
Want by ús heit op ’e fyts
Hie ’k oars nea brek oan piid

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Boketto: Poetic Forms

logo.ensafh

Poetic Form Fridays are made to share various poetic forms. This week, Walter J. Wojtanik shares his relatively new form, the boketto.

A few years back, I came across a concept called boketto. Boketto is a Japanese word that really doesn’t translate into English very well. But, the idea of boketto is akin to staring at the sky or into the distance without a thought… getting lost in one’s own self; removing the self from a place mentally. There is no regard to the past and no connection to the future. There is only THIS moment.

Lês fierder by Witer’s DigestLês fierder

Libraries: The Legacies Of Ancient Bibliophiles

logo.ensafh

It can be argued of course, but a story has five important elements: the characters, the setting, the plot, the conflict and the resolution. These five essential narrative elements keep stories running smoothly and allow the action to develop in a logical way that readers can follow. However, an overlooked aspect of a story is where it is archived. While in prehistoric North American cultures and in Celtic European civilizations written language never superseded oral traditions, there are patches across the ancient world that not only developed writing, but also saw the construction of some of the most impressive structures of knowledge, wisdom and learning – libraries.… Lês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Poste restante XXXVII

logo.ensafh

De Amsterdamske antikwaar en samler Louis Putman (1923–2013) koenen je in protte fan opstekke, net yn ’t lêste plak oer it ferskynsel ansichtkaart. Mar dy kennisoerdracht ferge al wat ynskiklikens. Earst en foaral: jo mochten dat ferskynsel fan Putman inkeld oantsjutte as prentbriefkaart; it germanistyske a-wurd, ynboargere of net, wie strikt ferbean.

Lês en sjoch fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Kollum Aant Mulder: Elektrysk libje

logo.ensafh

De stoommasine makke yn de achttjinde iuw hieltyd mear opgong. Dy makke it mooglik om mei minder minsken mear wurk te fersetten. Dat wie belangryk foar fabriken, foar skippen en foar it spoar. De minsken diene minder, de apparaten mear. Der kaam in hieltyd grutter ferskaat oan apparaten dy’t it wurk diene. Yn 1859 waard de earste oaljeboarne ûntdutsen. Dat smiet nije enerzjyboarnen lykas peteroalje, benzine en disel op, fansels mei de fersmoarging dy’t dat fan gefolgen hie. Dêr waard net folle oer praat. Reek ferdwûn en wat men net seach, wie der net. Sa like dat alteast. Boppedat, de wrâld wie grut genôch.… Lês fierder