Blog Yoïn van Spijk: Ver uit elkaar gegroeid

logo.ensafh

In de zevende eeuw waren de West-Germaanse dialecten zo sterk van elkaar af gaan wijken dat ze onderling nauwelijks meer verstaanbaar waren. Uiteindelijk veranderden ze in het Nederlands, Fries, Duits en Engels. In de eeuwen waarin ze uit elkaar groeiden, gingen de klanken, de woordvorming, de zinsbouw en de woordbetekenissen alle hun eigen weg. Sommige zusterwoorden zijn al die tijd dicht bij elkaar gebleven, zoals Ne. bal, Fr. bal, Du. Ball en En. ball. Andere verwantschappen zijn bijna onherkenbaar geworden.

Lês fierder by Taal aan de wandelLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Keningsdei

logo.ensafh

Wat dogge jim mei keningsdei? Ik ha de fraach yn tarieding op myn gedicht in pear kear steld oan ferskillende minsken. Yn de tún sitte/ompiele liket in noflike opsje te wurden. Wy hienen buorfrou útnûge foar in spultsje Kwakzalvers, mar dy hâldt in pyjamadei, ek in oanloklike opsje. Om ús hinne liket elk wol aardich de rêst fûn te hawwen. Of is dat projeksje?

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Aant Mulder: Fryslân fan hout en stien

logo.ensafh

Hout en stien binne boumaterialen dêr’t we meikoarten grutte steapels fan nedich ha. De polityk wol ommers sa’n 220.000 huzen yn de noardlike provinsjes bouwe. Alteast, dat moatte dy provinsjes goedfine as se bettere ferbiningen mei de Rânestêd ha wolle. Dêr stiet fansels foaroer dat aardich wat minsken út de Rânestêd wei har hjirre nei wenjen sette en dan thús foar de kompjûter sitte of yn de Rânestêd binne. Dy huzen sille earst en meast boud wurde op plakken dêr’t stasjons binne, dus op ’e Lemmer, op It Hearrenfean en yn Drachten. De doarpen dêromhinne wurde grif foarstêden fan de neamde plakken.… Lês fierder

Kollum Willem Schoorstra: In man foar de takomst

logo.ensafh

Koningsdag hjoed. Wy ha in dei frij om by de jierdei fan Willem-Alexander stil te stean, it steatshaad fan it Keninkryk der Nederlanden. Nim it my mar net kwea ôf dat ik dat net doch, want ik ha wat oars om by stil te stean. Nammentlik by in maidenspeech. Dat is de debútrede dy’t elk nij lid fan de Twadde Keamer hâldt, in betooch oer in spesifyk ûnderwerp.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Jan Schokker: 5G-fûgels

logo.ensafh

Twa hiel gewoane manlju, stevich op ’e skonken, feardich en freonlik. Hawar, ien fan dy twa wie in aparte fûgel, teminsten yn myn eagen. Mar mei ik eins wol sa oardielje?

Dy iene – in jonge, lange monteur – kaam deryn mei in part fan ús nije sitbank. De oare, wat ljochter en lytser, mei it byhearrende fuotbankje. Ik leau, soks neame se in hocker yn geef Nederlânsk. Beide mannen moasten sa in pear kear hinne en wer rinne. Moai opinoar ynspile hiene se tegearre de bank samar yninoar, om dêrnei flot en kreas it ferpakkingsmateriaal op te romjen. Plestik by plestik en papier by karton goaiden se werom yn ’t frachtweintsje.… Lês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Lelylijn: Optimisme feroaret yn pine yn de holle

logo.ensafh

Optimisme is in moai wurd. Der sprekt hoop út. Optimisme makket ús dagen lichter en soarget foar in gefoel dat we dingen oankinne. In positive vibe, yn nijmoadrich jargon. Mar der is ien grutte útsûndering by it brûken fan it wurd optimisme. As je it yn hannen jouwe fan plannemakkers. Dan feroaret optimisme geregeld yn pine yn de holle.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder